Swalkje mei yn de natuer mei ‘De Maitiidsswalker’

06 maaie 2021 - 08:11

Wannear wie de lêste kear datsto echt goed nei de natuer sjoen hast? No mei it thúswurkjen giest fêst faker in slach om, mar bist dy dan ek bewust fan wat der om dy hinne bart? Yn de nije searje fan Omrop Fryslân 'De Maitiidsswalker' giet Remco de Vries de natuer yn op syk nei de maitiidsmerakels fan Fryslân. Hokker planten, blommen en bisten binne der just allinne yn dizze tiid te finen? Hoe bysûnder is dizze tiid foar de natuer en hoe jouwe wy dat troch oan de folgjende generaasje? De Maitiidsswalker is fan 10 maaie ôf moandeis te sjen by Omrop Fryslân.

Ast bûten rinst falt it miskien net fuortendaliks op, mar it giet min mei de natuer. Mei dizze nije searje wol Omrop Fryslân sjen litte hoe bysûnder de floara en fauna yn Fryslân is. "Wy wolle minsken bewust meitsje troch sjen te litten hoe moai dat is wat wy noch oan natuer hawwe en fansels troch dit ferhaal te fertellen mei humor, muzyk en in toan dy't it ek mooglik makket om suver boartlik de djipte yn te gean", seit programmamakker Remco de Vries.

"Yn dizze tiid moatte we net minsken fertelle wat wol en net kin", follet einredakteur Janjelle Ringnalda oan. "We wolle just sjen litte hoe't it ek kin en hoe moai it is, sadat minsken it mear wurdearje sille."

Yn de searje sil Remco mei in ekspert de natuer yn, op syk nei de bysûnderheden fan ús lânskip. Sa komt hy ek op plakken dêr't gewoanwei gjin minsken komme meie. Dêrnjonken giet hy yn petear mei de belutsenen fan dy gebieten.

De Maitiidsswalker is fan 10 maaie ôf om 17.15 oere te sjen by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)