Spesjale útstjoering Fryske Popawards

13 des 2019 - 13:44

De Fryske Popawards wurde dit jier op 20 desimber foar it earst bekend makke yn in spesjale útstjoering fan IepenUp Live yn gearwurking mei Omrop Fryslân. It startskot foar it stimmen foar de Publykspriis is 13 desimber jûn yn it programma Noardewyn Live.

De Fryske Popawards wurde organisearre troch Friesland Pop en waarden earder útrikt op it Freeze-festival. Dêr foel lykwols ferline jier it doek foar. Friesland Pop is wiis mei it nije poadium foar de awards. Projektlieder Wiebe Kootstra: "Friesland Pop is tige bliid in nije gearwurkingspartner fûn te hawwen yn IepenUp/Omrop Fryslân. IepenUp berikt de doelgroep dy't Friesland Pop ek foar eagen hat. Omdat wy foar de ferkiezing fan de Publykspriis in sa grut mooglik publyk berikke wolle, fine wy it fantastysk dat sawol Noardewyn Live as de online redaksje fan Omrop Fryslân hjiroan meiwurkje".

Kategoryen
Trou oan de tradysje wurde ek dit jier yn fjouwer kategoryen prizen útrikt. De Talent Award (foar oanstoarmjend talint), de Bernlef Priis (foar in muzikale act dy't fan positive ynfloed west hat op de Fryske taal - útrikt troch deputearre Sietske Poepkes), de Fryske Poppriis (foar de bêste Fryske muzyk en popformaasje yn Fryslân) en de Publykspriis (basearre op de stimmen fan it Fryske publyk).

Stimme op de Publykspriis
Yn it programma Noardewyn Live is freed 13 desimber de ôftraap jûn foar it stimmen foar de Publykspriis. Stimme kin fia Omropfryslan.nl/popawards. De nominearren foar de Publykspriis binne: Deepgroves, Atmoran, Psy-fi, Simmerdeis, Into the Grave, Promised Land, Dokk'em Open Air, Sjoerd ensa, Noardewyn Live en 3VOOR12/Friesland.

De útrikking fan de Fryske Popawards 2019 wurdt op freed 20 desimber fan 20.00 oere ôf hâlden yn it kafee fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert en is live online te folgjen fia Omropfryslan.nl, de Omrop-app en de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries en Marianne Klijnstra.


Noat foar de redaksje
Foto: IepenUP wûn earder sels de Publykspriis (foto - Friesland Pop)
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)