Soad nije kânshawwers en tûzenen ekstra stimmen foar Fryske top 100

21 des 2020 - 09:40

It oantal útbrochte stimmen foar de Fryske top 100 is al foar de sluting op twadde krystdei tûzenen stimmen heger as ferline jier. In opfallend soad nije lieten lykje de list dit jier binnen te kommen. Beide ûntwikkelingen hawwe mooglik te meitsjen mei corona.

It thús bliuwen bringt it Fryske publyk massaal oan it stimmen. Ek de lieten dy't keazen wurde, litte in corona-effekt sjen. Sa hat Joop Spykstra mei it liet 'Leve yn Corona tiid' grutte kâns om de list binnen te kommen. Sander Metz dy't in protte muzyk makket yn fersoargingshuzen is in kânshawwer mei 'As it libben mistich wurdt'. Ludike aksjes dy't oproppe om te stimmen drage by oan nije nûmers dy't de list binnen lykje te kommen.

In opfallend soad stimmen binne der foar Carla de Bruine, mei it liet 'Skriem om my' dat se sjongt yn it filmprojekt fan Steven de Jong oer Grutte Pier. Oare nije kânshawwers foar in plakje yn de Fryske top 100 binne bygelyks Pieter Sahieter mei 'De woanark', Corneum mei 'Hûnewippersrock', Las Bandidas mei 'It brûst', de Paesens riders mei 'Gelfke hat in Polo' en de Harkemase Boys mei 'Come on the boys'.

Optreden Die Twa op finale stimdei
It duo Die Twa makke sneon by Omrop Fryslân bekend dat sy, nei't se fiif jier lyn út elkoar gienen, wer by elkoar op it poadium stappe. It optreden op de finale stimdei, sneon 26 desimber by Omrop Fryslân, betsjut foar harren de earste kear dat se wer mei elkoar op in poadium steane. It wurdt in minykonsert foar harkers en sjoggers thús, nei't de stimbus foar de Fryske top 100 ticht is.

Foarôfgeand oan it minykonsert fan Die Twa kin der op dy finale stimdei foar it lêst stimd wurde op de Fryske top 100. Dat kin online op www.frysketop100.nl. Stimmers mei de moaiste ferhalen by harren favorite nûmers wurde belle yn de útstjoering. Op de lêste stimdei binne der neist de útsmiter fan Die Twa ek live optredens fan Sipke de Boer en de duo's Weima & Van der Werf en Grytz en Grize.

Utpakke op âldjiersdei
Omrop Fryslân pakt út mei de Fryske top 100 op âldjiersdei. De 100 favorite lieten fan it Fryske publyk wurde yn folchoarder útstjoerd tusken 6.00 oere moarns en 18.00 oere jûns. De Jukebox, de haadpriis ûnder de stimmers op de Fryske top 100, wurdt oan de ein fan de dei útrikt. Dêrneist wurde der op dizze lêste dei fan it jier noch in oantal minsken ferrast mei in lúske oaljekoekenpakket. It is in ferfolch op de útpak-pakketten dy't Omrop Fryslân útdielde mei de aksje Utpakke mei Omrop Fryslân. Dêr kamen hûnderten reaksjes op binnen.

De Fryske top 100 fan 2020 wurdt presintearre troch:
06.00-09.00 Diana de Groot en Hans Koster
09.00-12.00 Johan Terpstra en Jantine Weidenaar
12.00-15.00 Simone Scheffer en Eric Ennema
15.00-18.00 Harm Weistra en Afke Boven

Noat foar de redaksje
Boarnefermelding ôfbylding: PDF Fotografie, Piet Douma

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 06 - 14 23 98 34.

(Advertinsje)