Skûtsjesilen yn 2018 opnij op lanlike telefyzje

09 nov 2017 - 07:37

Gearwurking SKS, Omrop Fryslân en Omroep MAX trochset

Het SKS Skûtsjesilen wurdt ek yn 2018 útstjoerd op NPO 1 troch Omroep MAX en Omrop Fryslân. Lykas yn 2017 komt der in deistich Skûtsje Journaal yn de twa wiken SKS Skûtsjesilen. Dat programma sil opnij troch Omrop Fryslân produsearre wurde foar Omroep MAX. It Skûtsje Journaal wie dizze simmer oerdei it bêst besjoene programma fan NPO 1.   

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen is bliid mei de fuortsetting fan de gearwurking tusken Omrop Fryslân en Omroep MAX. Foarsitter René Nagelhout: “Dat betsjut opnij lanlik omtinken foar it skûtsjesilen yn it gehiel en de SKS yn it bysûnder. Fan ‘t simmer hawwe wy in hiel soad positive reaksjes hân op it Skûtsje Journaal, út alle dielen fan it lân.” Ek MAX-direkteur Jan Slagter is tefreden: “Het programma is goed ontvangen, waaruit blijkt dat deze traditionele Friese sport landelijke aandacht verdient.”

Foar it Skûtsje Journaal makket Omroep MAX gebrûk fan de fasiliteiten en sjoernalisten fan Omrop Fryslân. Slagter is hiel tefreden oer dy gearwurking: “De knowhow over het skûtsjesilen en hoe dat mooi in beeld te brengen zit bij Omrop Fryslân, ik ben heel blij dat wij daar gebruik van kunnen maken.”

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is ek entûsjast oer de fuortsetting fan de gearwurking: “Neist ús eigen skûtsje-programmearring litte wy hjirmei op it lanlike net sjen wat wy kinne, en dat is in hiel soad. Fierder is de gearwurking mei Omroep MAX bysûnder noflik en dat soarget der boppedat foar dat publyk jild effisjint bestege wurdt.”

Neist it útstjoeren fan de Skûtsje Journaals wurdt Omroep MAX yn 2018 ek mediapartner fan de SKS.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)