Sjoggers Us dieretún posityf oer searje

22 jul 2016 - 14:49

It oergrutte part fan de sjoggers fan ‘Us dieretún’ is posityf oant hiel posityf oer de searje fan Omrop Fryslân. Se wurdearje it programma mei in 7,8. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ûndersyksburo Kien. Ien fan de reaksjes is: “In moai en dúdlik programma oer in attraksje dy’t hiel tichtby is.” Yn de searje folge Omrop Frylân de ôfrûne wiken de ûntwikkelingen by de fernijde dieretún AquaZoo.

Minsken binne benammen te sprekken oer it feit dat sy troch it programma de kâns krigen om efter de skermen te sjen by AquaZoo. Ien fan de respondinten: “Moai om fan sa tichtby te sjen hoe’t it der dêr oan ta giet, nea ferwachte.” Sa waard de komst fan de iisbearen op ‘e foet folge, mar kamen der ek meiwurkers fan AquaZoo oan it wurd. Dat soarge derfoar dat der ek ynformaasje jûn waard oer de bisten en de dieretún. “Wer ris wat oars en boppedat hiel learsum“.

‘Us dieretún’ bestie út sechstjin ôfleveringen en waard fan ein maart oant healwei july útstjoerd op Omrop Fryslân Telefyzje. Alle ôfleveringen binne werom te sjen op Omropfryslan.nl/usdieretun. Dit neijier wurdt de rige, ‘Us dieretún’, werhelle.

Omrop Fryslân lit alle fearnsjierren ûndersyk dwaan troch ûndersyksburo Kien. It ûndersyk wurdt útfierd ûnder in online panel fan sa’n 1.000 minsken.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)