Sjochtip: Thúsakademy bringt nijsgjirrige kolleezjes fan priiswinnende wittenskippers

17 jun 2021 - 12:27

Yn in nije rige fan it telefyzjeprogramma Thúsakademy jouwe trije priiswinnende wittenskippers in nijsgjirrich kolleezje oer har fakgebiet. Cisca Wijmenga, Theunis Piersma en Ben Feringa dogge baanbrekkend ûndersyk. Yn trije kertier nimme se ús mei yn har ûndersyk en lizze se út wêrom't dizze kennis foar eltsenien ynteressant of sels hiel wêzentlik wêze kin.

23 juny: Heechlearaar Humane Genetica Cisca Wijmenga (Drachten, 1964) har fakgebiet is auto-ymmúnsyktes en ôfwarsystemen yn it lichem. Sy ûndersiket de gearhing tusken erflike en net-erflike faktoaren. Yn har kolleezje fertelt se oer groanyske syktes en âlderdomssyktes en oer it Lifelines-projekt dêr't tûzenen noarderlingen oan meidogge. Wat dogge baktearjes yn ús terms en watfoar rol spylje dy by ús sûnens?

30 juny: Heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma (Himmelum, 1958) syn fakgebiet is trekfûgels en Waadgebietekology. Fia belangstelling foar it Waadgebiet kaam er by de trekfûgels en ûntduts er dat dy fûgels dêr binne om't der fretten is. En sa kaam er by de fraach: wat ite wy sels? Hoe sjocht ús lânbou derút? Kinne we buorkje sûnder de ierde te fernielen?

8 july: Gemikus en heechlearaar Ben Feringa (Barger-Compascuum, 1951) syn fakgebiet is molekulêre nanomasines. Yn syn kolleezje fertelt er oer nanotechnology. Op molekulêr nivo makket er 'motors' dy't medisinen yn it lichem nei eksakt it goede plak witte te bringen en dy op it juste momint oan en út te setten, sadat medisinen folle presizer har wurk dwaan kinne.

Thúsakademy

Thúsakademy is in gearkwurking fan Omrop Fryslân en Academie van Franeker, om it wichtige en faak wêzentlike wurk fan wittenskippers begryplik oer te bringen. In soad - foar de measte minsken - abstrakt en yngewikkeld ûndersyk kin foar ús allegear in konkreet belang tsjinje. Yn 2017 is besletten om it ferline fan de Frjentsjerter Universiteit (1585-1811) yn de Academie van Franeker in ferfolch te jaan om wittenskip en maatskippij tichter by inoar te bringen mei publykskolleezjes.

Thúsakademy is te sjen by Omrop Fryslân:

  • woansdei 23 juny om 20.30 oere: Cisca Wijmenga
  • woansdei 30 juny om 20.30 oere: Theunis Piersma
  • tongersdei 8 july om 20.30 oere: Ben Feringa
(Advertinsje)