Sjochtip - Ien jier EPKE: weromsjen nei de begin fan de karriêre fan ús ‘Flying Dutchman’

28 jul 2021 - 13:59

'The Flying Dutchman', 'De liuw fan Lemmer', ferlizzer fan grinzen: Epke Zonderland hat dizze wike in punt achter syn glânsrike turnkarriêre setten. Nei oanlieding dêrfan stjoert Omrop Fryslan op sneon 31 july de dokumintêre 'Ien jier EPKE' út. Hast tweintich jier lang wie hy, dei yn, dei út, yn de turnhal te finen om de rekstôk syn domein te meitsjen yn de hiele wrâld. Dat slagge mei hurd wurkjen, trochsettingsfermogen en in grut talint. Dy glânsrike karriêre is fansels ek earne begûn. Yn de dokumintêre 'Ien jier EPKE' út 2008 folge Omrop Fryslân Epke in jier lang, doe noch oan 'e begjin fan syn karriêre.

De doe noch jonge turner wurke him doe syn wei nei de Olympyske Spelen yn Peking. Dat begûn allegear yn Stuttgart op it WK. Dat er himsels dêr pleatst hie foar de Olympyske Spelen, koe er doe ek noch net goed befetsje: "It is echt ûngelofelik, de iennige Nederlânske turner op dit momint dy't derhinne giet. Dat ik dat bin. Dat is hiel apart!"

Trettjin jier letter is it sa apart net mear: de prizekast stiet ûnderwilens goed fol. Hy wûn trije kear in WK, wie ek trije kear de bêste op de Europeeske kampioenskippen en hy helle hiel wat gouden plakken op de wrâldbekerwedstriden en de Nederlânske kampioenskippen.

De dokumintêre 'Ien jier EPKE' út 2008 is oankommende sneon 31 july om 21:00, 22:00 en 23:00 oere nochris te sjen by Omrop Fryslân.

Image icon Download epke_2_.jpg (736.33 KB)
(Advertinsje)