Sintrumcross Surhústerfean live by Omrop Fryslân

29 des 2014 - 15:13

Freed 2 jannewaris 2015 op televyzje, radio en Omroplive.nl

Dit jier fynt de 20e edysje fan de ynternasjonale Sintrumcross yn Surhústerfean plak en Omrop Fryslân is derby. Omrop Fryslân docht op freed 2 jannewaris live wiidweidich ferslach fan de Fryske fjildrit. Minsken hoegge neat te missen fan dizze 20e edysje en kinne alles live folgje op Omrop Fryslân Televyzje, Radio en Omroplive.nl.

Oan de 20ste edysje docht ûnder oare de winner fan ferline jier, Lars van der Haar, mei. Ek de belofte wrâldkampioen Michel van der Heijden is fan de partij. By de froulju docht seisdûbeld Sintrumcross kampioene Marianne Vos mei.

Omrop Fryslân is der live by op televyzje, radio en ynternet. Fan 13:00 oere ôf binne de wedstriden fan de froulju, de profs en de beloften te sjen op de ynternetstjoerder Omroplive.nl. Ek op radio en televyzje wurdt regelmjittich live ferslach dien. It kommentaar wurdt fersoarge troch Geert van Tuinen.

Sintrumcross Surhústerfean live by Omrop Fryslân
Freed 2 jannewaris 2015 fan 13:00 oere ôf op televyzje, radio en Omroplive.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)