Sander Warmerdam hâldt op as kommissaris fan Omrop Fryslân

01 feb 2018 - 10:43

Sander Warmerdam, lid fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân, hâldt op as kommissaris. Warmerdam is beneamd as haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Dy beneaming betsjut dat hy per direkt de RfK fan Omrop Fryslân ferlitte sil.

Jan Koster, direkteur fan Omrop Fryslân en Ton Baas, foarsitter fan de RfK: "Wy tankje Warmerdam foar syn bydrage oan de Ried fan Kommissarissen en winskje him in soad sukses yn syn nije funksje."

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)