Sâltwinning ûnder de loep

14 okt 2019 - 09:37

Wat binne de gefolgen fan sâltwinning en wat is eins it belang fan sâlt? Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe, RTV Oost en Follow the Money hawwe mei inoar de sâltwinningssektor ûnder de loep nommen. Dizze wike publisearje sy op harren ferskillende media de resultaten fan dat ûndersyk.

De fjouwer noardlike regionale omroppen setten earder dit jier mei ûndersykssjoernalistyk platfoarm Follow the Money de 'Noord & Oost Pitch' út. Ynwenners fan Fryslân, Grins, Drinte en Oerrisel koene in ûnderwerp pitche dêr't sy fan fine dat der mear ûndersyk nei dien wurde moat. Jakoba Gräper út Veendam wûn de pitch. Sy stelde foar om de sâltwinningssektor ris goed ûnder de loep te nimmen. Yn alle fjouwer de provinsjes spylje ferhalen dy't te krijen hawwe mei de gefolgen fan sâltwinning.

Sâltwinningsferhalen by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân komt dizze wike op radio, telefyzje en online mei ferhalen oer de ferskillende kanten fan sâltwinning yn Fryslân. Sâlt komme we oeral tsjin yn it deistich libben. It sit yn libbensmiddels, mar is ek wichtich foar de gemyske yndustry. Sa kin in auto bygelyks net ride sûnder sâlt: Omropfryslan.nl/saltwinning en Omropfryslan.nl/saltwinningL.
Njonken it ekonomysk belang fan de sâltyndustry wurdt stilstien by de takomstige sâltwinning ûnder de Waadsee en it tafersjoch dêrop. Frisia BV moat tafersjoch hâlde op dy winning en de eventuele skea oan de natuer, de oerheid kontrolearret. De Waadferiening en biolooch en trekfûgelekspert Theunis Piersma hawwe de nedige kanttekeningen.


Noat foar de redaksje
Bronfermelding ôfbylding: 'Omrop Fryslân'.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)