Saakje Mulder nije kommissaris Omrop Fryslân

16 feb 2018 - 11:50

Saakje Mulder fan Ketlik is beneamd ta nij lid fan de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân. De Ried fan Kommissarissen bestiet fierder út Ton Baas (foarsitter) en Ger Jaarsma. Mulder folget Sandra van Gaalen op, dy't fan 2010 oant 2018 kommissaris west hat.

Saakje Mulder, berne op 21 augustus 1961 yn Wolvegea, is sûnt 2015 wurksum as direkteur/bestjoerder fan Lifelines BV yn Grins. Dêrfoar wie sy fan 2009 oant 2015 direkteur/bestjoerder by Sport Fryslân op It Hearrenfean. Mulder folge har oplieding ûnder oare oan de Lânbou-universiteit yn Wageningen en it VU Medysk Sintrum yn Amsterdam.

RfK-foarsitter Ton Baas: "Yn Saakje Mulder hawwe wy in persoan fûn dy't foldocht oan it profyl dat wy foar dizze funksje sketst hiene. Dêr binne wy as Ried fan Kommissarissen tige mei ynnommen. Benammen har ûnderfining as direkteur/bestjoerder by organisaasjes dy't wurkje op it snijflak fan publyk en privaat slút goed oan by de ûntwikkelingen en ambysjes fan ús Omrop. Dêrneist binne wy der wiis mei dat Mulder tige belutsen is by Fryslân."

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)