Romantyk by Omrop Fryslân

10 feb 2015 - 16:59

Wa fertsjinnet neffens jo in blomke op Valentijnsdei? Lykas foarich jier geane live-ferslachjouwers fan Omrop Fryslân op freed 13 febrewaris op ‘en paad om minsken, dy’t it neffens oaren fertsjinje, in boskje blommen te besoargjen.

Yn ferbân mei Valentijnsdei op sneon steane bysûndere ferhalen en romantyk sintraal by Omrop Fryslân Radio op freed 13 febrewaris. Jou jo leafde of in oar dy’t it fertsjinnet op fia valentijn@omropfryslan.nl en set derby wêrom’t no krekt dy persoan in blomke krije moatte soe. Ut alle ynstjoerde ferhalen kiest de redaksje in oantal persoanen dy’t freed troch de ferslachjouwers ferrast wurde.

Stim foar dizze aksje en mear Fryske romantyk ôf op 92.2FM. Sjoch ek op de spesjale Valentijnsside: http://www.omropfryslan.nl/valentijn.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)