Rin dy 'Fit mei Femke'

08 maaie 2015 - 15:04

Hurdrintraining yn it Frysk by Simmer yn Fryslân

Minsken kinne dizze simmer fia Omrop Fryslân in Frysktalige hurdrintraining folgje. Beweging is it tema fan de Simmer yn Fryslân-kampanje fan dit jier. Sintraal stiet it trainingsprogramma ‘Fit mei Femke’: trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. It ultime doel: meidwaan oan de ‘Simmer yn Fryslân-loop’ fan 5 kilometer op snein 13 septimber yn Burgum (as ûnderdiel fan de BurgumRun).

Op moandei 15 juny komme de podcasts fan de earste trainingswike online. Alle wiken op moandei komme de trainingen beskikber fia de apps fan Omrop Fryslân en de webside. De Omrop folget Femke de hiele simmer by har eigen training om de 5 kilometer te heljen. Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot sleept Femke en de hurdrinners dy’t de trainingen folgje der trochhinne. Op Facebook komme filmkes mei tips oer ûnderwerpen lykas fieding, klean en sykheljen, mar der komme ek ekstra clinics foar wa’t dat nedich hat. Ek sin om mei te dwaan? Hâld dan de apps en webside yn de gaten. De hurdrinners dy’t ek meidwaan wolle oan de ‘Simmer yn Fryslân-loop’ kinne harren fan 15 juny ôf opjaan fia de website fan Omrop Fryslân. Sneintemiddei 13 septimber meitsje we der in prachtige dei fan yn Burgum, mei ek in live-útstjoering op radio, tv en online!

Fansels sil it tema beweging ek weromkomme op oare manieren dizze simmer mei bygelyks reportaazjes en programma’s oer beweging op it wetter en it lân mei it Skûtsjesilen, de PC en Fierljeppen. Mar ek tal fan oare ûnderwerpen dy’t goed by Simmer yn Fryslân passe komme oan bod. De Omrop is sels ek yn beweging en lûkt de provinsje yn mei útstjoerings op lokaasje. Lykas foargeande jierren giet it Simmer yn Fryslân-promoasjeteam ek wer op ‘en paad, diskear fansels mei sportive gadgets.

Mear ynformaasje oer Fit mei Femke en Simmer yn Fryslân 2015 is fan juny ôf te finen op de webside en de apps fan Omrop Fryslân. In taljochting fan Jaring de Groot en Femke de Walle is ek te beharkjen op de webside.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 1423 9834.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)