Regionale omroppen meielkoar yn aksje foar de Voedselbank

01 sep 2014 - 09:57

Alle regionale omroppen fan Nederlân slaan yn desimber de hannen gear om mei harren harkers, sjoggers en ynternetbesikers safolle mooglik libbensmiddels yn te sammeljen foar minsken dy’t ôfhinklik binne fan de Voedselbank. Yn de wiken foar de krystdagen, fan moandei 8 desimber oant en mei freed 19 desimber, stean de útstjoerings fan de regionale omroppen yn it teken fan de aksje ‘Samen voor de Voedselbank’, meielkoar foar de Voedselbank.

Unike gearwurking
De inisjatyfnimmers fan de lânlike aksje binne Omroep West en RTV Noord, sy kamen ferline jier al yn aksje foar de Voedselbank. Dit jier pakke sy de aksje op mei Omrop Fryslân en de oare regionale omroppen: RTV NH, RTV Utrecht, Omroep Flevoland, RTV Rijnmond, Omroep Brabant, Omroep Gelderland, RTV Drenthe, RTV Oost, Omroep Zeeland en L1. Elke omrop docht de ynsammeling op syn eigen wize, rjochte op it publyk yn de eigen regio en yn gearwurking mei regionale itensbanken. Alle omroppen geane yn de aksjewiken folop oan ‘e slach mei de aksje om safolle mooglik ynwenners fan de regio’s te berikken.

Donate a gift
Nei it grutte sukses fan de aksje ‘Donate a Gift’ in 2013, ûntstie by Omroep West it idee om mei alle regionale omroppen in aksje foar de Voedselbank te hâlden. RTV Noord hat yn 2013 in soartgelikense aksje foar de Voedselbank hâlden. Omroep West-haadredakteur Renzo Veenstra: “We hebben in december 2013 in negen dagen tijd ruim 20.000 cadeaus ingezameld voor mensen die in Zuid-Holland Noord onder de armoedegrens leven! Dat was tweemaal zoveel als waar we op hadden gehoopt. En in Groningen puilde het gebouw van RTV Noord uit van de levensmiddelen die de Groningers voor de Voedselbank inleverden. Eén en één was al snel twee, en zo is deze landelijke actie ontstaan.”

Meielkoar sterk yn de regio
De aksje ‘Samen voor de Voedselbank’ is ít foarbyld fan wêr’t in regionale stjoerder sterk yn wêze kin: ferieniging yn de regio. Dêrneist is it unyk dat alle omroppen no meidogge: “Alle dertien omroepen samen hebben heel Nederland als zendgebied en een bereik dat groter is dan welke landelijke zender ook. Ik ben er dan ook van overtuigd dat ‘Samen voor de Voedselbank’ een groot succes wordt,” sa seit einredakteur Edwin Pasveer fan RTV Noord.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)