Radio en harkers yn it sintsje by Omrop Fryslân

05 feb 2019 - 09:09

Woansdei 13 febrewaris: Wrâld radiodei

Omrop Fryslân makket it alle dagen, it is hast de gewoanste saak fan de wrâld: radio! Op woansdei 13 febrewaris is it Wrâld radiodei en dêrom stiet Omrop Fryslân dy dei stil by it medium radio. Troch de jierren hinne binne behoarlik wat bysûndere fragminten foarbykaam. Mar ek fragminten dy't om hokfoar reden dan ek noch nea earder foarbykaam binne, komme no foar it ljocht.

Tink oan de sniewinter yn 1979 en de Alvestêdetocht fan '63: troch radio wiene de Friezen konstant ferbûn mei de wrâld en wat dêryn barde. Radio is yn Nederlân mei 12,5 miljoen harkers yn 'e wike fierwei it grutste audiomedium. Nijs, it waar, de sport en muzyk dy't oansprekt: radio is der altyd. Op Wrâld radiodei diele programmamakkers fan no en it ferline de moaiste radiomominten, mar ek fragminten dy't noch nea earder mei it publyk dield binne op 92.2FM.

Omrop Fryslân stiet ek ekstra stil by de harkers op de ynternasjonale dei fan de radio. Wa binne sy en wat betsjut radio foar harren? Boppedat meitsje harkers de hiele dei kâns op prizen. As ynteraktyf ûnderdiel wurdt fjouwer kear de kwis 'wêr giet it oer' spile. Op de stjoerder is dan in koart histoarysk Frysk radiofragmint te hearren. Wa't wit wêr't it oer giet, kin reagearje troch in berjochtsje te stjoeren yn de Omrop-app. De haadpriis is in nostalgyske radio, dy't ek nochris hielendal klear is foar de takomst.

Ofstimd op dy:
Omrop Fryslân is op radio te beharkjen op 92.2FM. Online harkje kin fansels ek: sjoch foar alles dat Omrop Fryslân op it mêd fan radio te bieden hat op Omropfryslan.nl/radio.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)