Radio-argyf Omrop Fryslân no online beskikber

12 okt 2018 - 13:09

De Alvestêdetocht yn 1987, de reportaazje yn eigen doarp of it petear mei omke. Fan snein 14 oktober ôf binne 2300 oeren oan âlde radio-opnamen fan Omrop Fryslân online te finen. Yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske Akademy is de ôfrûne 3,5 jier wurke oan in digitaal radio-argyf. Foar it digitalisearjen is in twatalige spraakwerkenningsmasine ûntwikkele; de earste yn 'e wrâld. It radio-argyf is fan snein ôf te finen op Omropfryslan.nl ûnder it kopke radio.

Om't it radiomateriaal fan Omrop Fryslân út Frysk- en Nederlânsktalich materiaal bestiet wie in twatalige spraakwerkenningsmasine nedich. Yn gearwurking mei de Radboud Universiteit is dy masine ûntwikkele.Troch dy masine kin sawol op Fryske as op Nederlânske wurden socht wurde yn it argyf, mei itselde resultaat.

Praat (noch) mar Frysk
Mei de twatalige spraakwerkenningsmasine hat Fryslân in wrâldprimeur te pakken. De masjine stiet sintraal yn de Fryslân DOK 'Praat (noch) mar Frysk' fan snein 14 oktober (fan 17.00 oere ôf op tv). Mei help fan de masine kin no foar it earst taalkundich ûndersyk dien wurde nei hoe't de Fryske sprektaal har yn de jierren ûntwikkele hat. De spraakwerkenning kin ek de basis foarmje foar takomstige nije ûntwikkelingen, bygelyks yn de foarm fan in Fryske Siri.

Lansearring yn Snein yn Fryslân
Op snein 14 oktober wurdt it digitale radio-argyf fan Omrop Fryslân lansearre yn it programma Snein yn Fryslân mei Johan Terpstra (fan 13.00 - 18.00 oere op 92.2FM). Yn it argyf sitte tûzenen nijsgjirrige radiofragminten. Yn Snein yn Fryslân sille fan takom wykein ôf ferskate fragminten te hearren wêze.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)