Piet Paulusma 25 jier op telefyzje by Omrop Fryslân

11 feb 2019 - 08:43

Piet Paulusma hat syn 25-jierrige jubileum by Omrop Fryslân. Moandei 11 febrewaris presintearret Piet Paulusma eksakt 25 jier it waar by Omrop Fryslân op telefyzje. In moaie opstekker foar de waarman dy't ôfrûne wike bekend makke dat hy nei 23 jier fuort moat by SBS. Paulusma skoot moandei 11 febrewaris oan yn it programma Fryslân Hjoed om it te hawwen oer syn jubileum.

Op 11 febrewaris 1994 presintearre Piet Paulusma syn earste waarberjocht yn it telefyzjeprogramma Hjoed fan Omrop Fryslân. Hy wurke doe al as waarman foar Omrop Fryslân, dêr't er sûnt 1985 op radio te hearren is. Dat hy lanlik trochbruts is neffens Piet te tankjen oan Omrop Fryslân en syn Alvestêdetochtbydragen. Hy foel op troch syn talint en it presintearjen fan it waarberjocht bûten. Foar Piet is dit jubileum no ekstra bysûnder: "Dat ik de 25 jier op deselde stjoerder helle haw fielt foar my as in persoanlik rekôr. In enoarm barren en it fielt as wurdearring fan hiel Fryslân."

Al 33 jier binne Omrop Fryslân en Piet Paulusma oan inoar ferbûn, in noflike gearwurking neffens Piet: "Sawol de liedingjaanden as de meiwurkers binne fantastysk. Doe't ik by SBS begûn haw ik fan it begjin ôf sein: 'Ferplichtsje my net te stopjen by Omrop Fryslân, want dat doch ik net.' Gelokkich wie dat gjin probleem."

Yn Fryslân Hjoed wurdt op moandei 11 febrewaris mei Piet weromsjoen op de ôfrûne 25 jier en wurdt Piet syn earste waarberjocht út it stof helle. Piet hat dy alderearste útstjoering al efkes opsocht: "Prachtich, ik sjoch derút as myn soan!"

Op Weromrop.nl is de earste TV-ôflevering fan Piet Paulusma werom te sjen: Weromrop.nl/nl/uitzending/het-eerste-tv-weerbericht-met-piet-paulusma.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)