Peaskekonsert NNO live by Omrop Fryslân

25 mrt 2021 - 13:12

Gjin Matthäus-Passion dit jier, mar it Noord Nederlands Orkest spilet wol passend wurk foar Peaske yn it Peaskekonsert. It konsert is freed 26 maart fan 16.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân fia in livestream. Op Wite Tongersdei, 1 april, is de tv-registraasje om 21.00 oere te sjen. By dit Peaskekonsert mei it wurk fan Pergolesi en Haydn liedt dirigint Jos van Veldhoven it NNO en solisten Myriam Arbouz en Jonathan Mayenschein.

Yn it konsert binne Pergolesi´s 'Stabat Mater' en Haydns 'La Passione' te hearren. Yn 'Stabat Mater' wurdt it ûnderwerp, Mem Maria dy't har krusige soan beskriemt, meislepend ferklanke. Yn Pergolesi´s tiid fûnen minsken it sels tefolle op opera lykjen. Ek Haydns 49e Symfonie 'La Passione' hat wat fan teätermuzyk. It is ien fan syn meast dramatyske symfonyen, mar lykas altyd by Haydn komt hieltyd wer it ljocht troch.

Dirigint Jos van Veldhoven
Jos van Veldhoven wie fan 1983 oant 2018 dirigint en artistyk lieder fan de Nederlandse Bachvereniging. Hy late ûnder oaren ferskate eigentiidske premjêren fan barokopera's en dirigearre yn 2014 de wrâldpremjêre fan Tsoupaki's 'Oidípous' by it Holland Festival.

Sopraan Myriam Arbouz
Myriam Arbouz debutearre yn 2015 oan De Nationale Opera yn 'Trauernacht'. Sy trede ûnder oaren op mei it Ensemble Schönbrunn, it Luthers Bach Ensemble en ensembles lykas Pygmalion, Le Concert d'Astrée, Cappella Amsterdam, Le Banquet Céleste en de Nederlandse Bachvereniging.

Alto Jonathan Mayenschein
Jonathan Mayenschein song as jonkje yn ferskate jeugdkoaren. Doe't er alve wie, waard er lid fan it Windsbacher Knabenchor wêrmei't er oan sawat fjouwerhûndert konserten yn Europa, de Feriene Steaten en Sina meidie. By it Ensembles Sonat Vox beset er de posysje fan de earste countertenor.

Mear ynformaasje oer it konsert, de dirigint en de solisten is te finen op: nno.nu/concert/paasconcert

NNO-konsert fia livestream en op telefyzje
It konsert op freed 26 maart is fan 16.00 oere ôf live te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De registraasje fan it konsert is op tongersdei 1 april om 21.00 oere op telefyzje te sjen.

(Advertinsje)