Panorama Koopmans

28 sep 2020 - 07:31

Yn grutte panorama's toant de Fryske keunstner Gosse Koopmans syn wrâld mei in eigen werklikheid. Dokumintêremakker Annet Huisman nimt ús dêryn mei yn Fryslân DOK. Koopmans sit yn de bêste flow fan syn libben. De lêste fiif jier hat er in hiel eigen wurkwize en styl ûntwikkele. Hy makket grutte panorama's, opboud út losse ûnderdielen. Se toane de wrâld fan de keunstner, dy't oerienkomt mei de werklikheid, mar mei in oar perspektyf. We sjogge syn húskeamer, in mânske bûkebeam of it atelier yn waarme kleuren oaljepastelkryt.

It wurk fan Gosse Koopmans giet oer waarnimmen. Hoe sjogge wy? Hoe kreëarje ús eagen in totaalbyld? Gosse Koopmans wol sjen, sjen, sjen, dêryn opgean, en dan: "de ferwûndering fan wat ik yn it libben priuw, trochjaan."

Han Steenbruggen, direkteur Museum Belvédère seit: "Gosse heeft het kijken naar een plek en het verspringen van het oog, heel goed weten te verbeelden." Manon Borst, direkteur Museum Martena: "Je denkt: het is puur realisme, maar je wordt op het verkeerde been gezet. Dat geeft een extra laag aan het werk."

Gosse is de soan fan Klaas Koopmans (1920-2006), Frysk keunstner en lid fan de 'Yn 'e line' groep. Hy wie ferneamd en bemind, mar seker gjin maklik man. It hat de soan tiid fan libben koste om syn eigen paad te finen, mar dat hat úteinlik laat ta dit ferrassende en unike wurk.

De Panorama's fan Gosse Koopmans binne yn 2020 te sjen yn Museum Martena yn Frjentsjer: www.museummartena.nl

Fryslân DOK 'Panorama Koopmans'
Sneon 3 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 4 oktober 13.10 oere) Snein 4 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)