Op & Ut live út de Blokhúspoarte wei

24 sep 2014 - 08:43

Fan 4 oktober ôf alle sneons live op radio, televyzje en ynternet.

Op & Ut, it kulturele radioprogramma fan Omrop Fryslân, komt fan 4 oktober ôf live út it Café De Bak fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert wei. It programma is dan tagelyk ek te sjen op Omrop Fryslân Televyzje en ynternet op www.omroplive.nl. Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 giet Op & Ut de mienskip yn.

Trochdat Op & Ut útstjoerd wurdt op in eksterne lokaasje is it mooglik om publyk te ûntfangen. Omrop Fryslân wol dan ek graach dat minsken delkomme om derby te wêzen. Dat kin sneons fan 09:00 oant 12:00 oere. It earste bakje kofje is fergees.

De earste útstjoering yn de Blokhúspoarte is op 4 oktober. Yn dy ôflevering skoot Oeds Westerhof direkteur programma Lwd2018 oan by presintator Douwe Heeringa. Sy sille it hawwe oer Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Hoe stiet it der op dat stuit foar en hokker plannen binne der noch? Oare ûnderwerpen yn de útstjoering fan 4 oktober binne: koar Noaten op ‘e Sang út Surhústerfean hâldt in benefytkonsert om jild op te heljen foar in skoalle yn Sri Lanka en de organisaasje fan it Martini Jongeskoar út Snits komt del om te fertellen oer in famyljekonsert yn gearwurking mei de band Vangrail.

Op & Ut hat alle sneonen omtinken foar alderhanne aktiviteiten yn Fryslân. Fêste presintator Douwe Heeringa praat mei gasten oer eveneminten, festivals, eksposysjes, konserten, films en noch folle mear. Boppedat hat Op & Ut fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natuer, Klaas Piekstra mei tips foar de tún, Piet Paulusma oer it wykeinwaar en Ernst Bruinsma mei de boekerubryk alle lêste sneonen fan’e moanne.

It radioprogramma Op & Ut fan Omrop Fryslân komt fan sneon 4 oktober ôf alle sneonen live út Café De Bak wei. It kafee is te finen yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Neist dat it programma live te folgjen is op radio, televyzje en ynternet, is publyk alle sneonen tusken 09:00 en 12:00 oere fan herte wolkom.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)