Omrop goed beharke by moarnsbrochje

23 jun 2016 - 09:51

De harksifers fan it moarnsprogramma ‘Fryslân fan ‘e moarn’ binne bot omheechgien. Ek oer it generaal bliuwt Omrop Fryslân Radio it goed dwaan. De stjoerder hat mei in merkoandiel fan hast 20% syn posysje as merklieder yn Fryslân noch ferstevige. Dat docht bliken út de lêste mjitting fan it NLO, het Nationaal Luister Onderzoek.

Ien fan de opfallendste stigingen is te sjen by it radioprogramma ‘Fryslân fan ‘e moarn’ mei presintator Jacob Stelwagen. It merkoandiel fan it programma is yn in jier tiid ferdûbele. Neffens Jacob Stelwagen komt de stiging foaral troch it nije format dat in jier ferlyn yngien is. “Earst wie it in nijsprogramma en net mear as dat. No soe ik sizze dat it in moarnsprogramma mei romte foar wichtich nijs is. Dat is krekt in wat oare ynstek, dy’t om in oare toan freget en better yn dizze tiid past.”

Mar der binne mear feroaringen, sa sitte der ek oare ûnderdielen yn it programma. “Der is in kwis en dus mear ynteraksje mei de harkers. Dat jout in oare, lossere sfear. Ek is der minder sprake fan werhellingen fan items en dogge wy safolle mooglik live.” Der is mear fariaasje yn ûnderwerpen, dat komt ek troch de kollumnisten en Meunsternimmers, de ‘mediawatchers’ fan it programma. Dy komme faak mei ûnderwerpen dêr’t oars neat mei dien wurdt. “Eins kinst sizze dat it programma dynamysker wurden is en dat krekt dy ekstra dynamyk goed wurket”, sa seit Jacob Stelwagen.

Neist ‘Fryslân fan ‘e moarn’ dogge ek de oare radioprogramma’s it goed. Oer it algemien is it merkoandiel fan de radioprogramma’s van Omrop Fryslân flink heger as in jier lyn.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)