Omrop Fryslân yntinsivearret gearwurking mei lokale omroppen

28 apr 2021 - 14:15

Omrop Fryslân en de lokale omrop LEO Middelsé yn de gemeente Ljouwert sille yntinsyf mei inoar gearwurkje. Fan 1 maaie ôf wurdt de redaksje fan LEO Middelsé fersterke mei twa fulltime sjoernalisten. Sy binne oannommen yn it ramt fan it lanlike projekt 'Versterking Lokale Journalistiek' fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. In gearwurking tusken de lokale, regionale en lanlike publike omrop. Ek de redaksje fan RTV NOF, de streekomrop foar de regio Noardeast Fryslân, wurdt útwreide mei in ekstra sjoernalist.

Minister Slob hat 4,5 miljoen beskikber steld foar de fersterking fan de lokale en regionale sjoernalistyk. Yn it ramt fan it projekt binne lanlik mear as 60 sjoernalisten oannommen en by lokale en regionale omroppen pleatst. "Goede lokale en regionale journalistiek is essentieel voor een goede democratie en een goede lokale informatievoorziening. Samenwerken versterkt dit. Ik ben dan ook blij dat deze partijen samen de schouders zetten onder deze belangrijke opgave", sa sei de minister earder by de presintaasje fan de plannen.

Foarbyldprojekt, RTV NOF
Sûnt oktober ferline jier is der al in yntinsive gearwurking tusken de redaksjes fan RTV NOF en Omrop Fryslân. De sjoernalisten op de redaksje fan RTV NOF yn De Westereen meitsje bydragen foar de eigen omrop en foar Omrop Fryslân. Ynsidinteel wurde ek reportaazjes levere oan de NOS. De streekomrop kin ek gebrûk meitsje fan de kontint dy't troch Omrop Fryslân makke wurdt. De gearwurking tusken de beide omroppen is in sukses en wurdt lanlik sjoen as in foarbyldprojekt. It tal online besikers by RTV NOF is sûnt de start mear as ferdûbele.

Foarsitter Marco Keizer fan RTV NOF: "RTV NOF hat ynset op in slachfeardige en profesjonele nijsredaksje yn it noardeasten fan Fryslân, stipe troch frijwilligers. Op dat mêd binne al grutte stappen set en dizze fierdere útwreiding slút dêr perfekt op oan. Boppedat ûnderstreket dit de noflike en yntinsive gearwurking tusken RTV NOF en Omrop Fryslân."

Utwreiding LEO Middelsé
De gearwurking wurdt no útwreide mei LEO Middelsé. Foarsitter Wopke Bijlsma fan LEO Middelsé is ynnommen mei de gearwurking mei Omrop Fryslân en RTV NOF: "Dit betekent voor LEO Middelsé dat, met de komst van twee professionele journalisten, er een behoorlijke kwaliteitsslag gemaakt kan worden op het gebied van de lokale nieuwsvoorziening."

Haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân is wiis mei de gearwurking mei de lokale omroppen en hopet dat dy op termyn ek mei oare lokale omroppen yn Fryslân útwreide wurdt.

(Advertinsje)