Omrop Fryslân yn de Taletún

30 mrt 2018 - 10:17

Omrop Fryslân is mei meardere projekten oanwêzich yn de Taletún fan Lân fan Taal, dy't op freed 30 maart iepene wurdt. Yn Paviljoen Liwadders fan it HCL binne de Omrop-filmkes mei Friezen om utens te sjen en DNA-filmkes mei bern út it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek. Paviljoen MeM fan de Afûk is alle sneonen de lokaasje foar de live-útstjoering fan it programma Op & Ut. En op 15 sneonen is de Omrop ek oanwêzich yn de Taletún mei de SkoalScrabbleBattle fan Tsjek.

SkoalScrabbleBattle
Fan 31 maart ôf is Omrop Fryslân 15 sneonen mei de SkoalScrabbleBattle fan Tsjek yn de Taletún om mei bern it spul te spyljen. Kening Hert & Harry Hazze binne der ek op in sneon om mei de bern in toanielstik te dwaan.

Tsjek myn DNA
Yn it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek is it ôfrûne jier alle wiken it DNA fan in jonge of famke út de klasse Tsjekt. Bysûndere ferhalen wikselje hilaryske ferhalen ôf. Alle filmkes binne yn trije talen te besjen yn Paviljoen Liwadders.

Friezen om utens
Wat docht Karst fan Tytsjerk yn Sina? Werom praat Aafke net mear Frysk mei har bern yn Frankryk? Yn it 'ûnwennigenshúske' yn Paviljoen Liwadders fertelle Friezen om utens wat se dogge, hokker rol taal spilet en foaral op watfoar momint se it meast nei thús langje. De filmkes binne yn trije talen te sjen.

Op & Ut live út de Taletún wei
It radioprogramma Op & Ut komt fan 31 maart ôf alle sneonen tusken 9.00 en 12.00 oere live út Paviljoen MeM wei. Presintator Douwe Heeringa praat mei gasten oer eveneminten, festivals, eksposysjes, konserten, films en noch folle mear aktiviteiten yn Fryslân.

Sjoch foar mear ynformaasje op: Omropfryslan.nl/lanfantaal of Lanfantaal.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

(advertinsje)