Omrop Fryslân yn aksje foar de Voedselbank

02 des 2015 - 12:36

Nei it grutte sukses fan ferline jier, komt Omrop Fryslân ek dit jier wer yn aksje foar de itensbanken yn de provinsje. Fan moandei 7 oant en mei freed 18 desimber besiket de Omrop mei help fan harkers, sjoggers en besikers safolle mooglik itensguod yn te sammeljen.

‘Samen voor de Voedselbank’ is in inisjatyf fan tolve regionale omroppen yn Nederlân. Ek Omrop Fryslân besiket de kommende wiken safolle mooglik produkten yn te sammeljen. Ferslachjouwers Simone Scheffer, Geert van Tuinen en René Koster sitte yn dy wiken boppe-op alle aksjes dy’t yn Fryslân organisearre wurde om guod te sammeljen. Lykas ferline jier binne Raynaud Ritsma en Griet Wiersma wer ambassadeurs. Yn de aksjewiken sille ek sy de hannen út de mouwen stekke.

Omrop Fryslân ropt bedriuwen, skoallen en dêrneist ek partikulieren op om harren ynsammelaksjes oan te melden op omropfryslan.nl/voedselbank. Supermerken troch hiel de provinsje dogge mei oan de aksje. Sa’n santich supermerken ha elk harren eigen ynfolling jûn oan hoe’t sy de aksje yn harren winkel presintearje. It boadskiplistke mei produkten dy’t sammele wurde is del te heljen fia omropfryslan.nl/voedselbank.

Tolve dagen lang tusken 09.00 en 18.00 oere steane kamera's en mikrofoanen rjochte op alles dat ynsammele wurdt. Op dy dagen is elkenien wolkom om it ynsammele guod yn te leverjen yn it gebou fan Omrop Fryslân. Yn it programma Bynt wurdt alle dagen ferslach dien fan de aksje troch Miranda Werkman.

Mear ynformaasje oer de aksje Samen voor de Voedselbank is te finen op omropfryslan.nl/voedselbank en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)