Omrop Fryslân wint NL Award foar bêste radioprogramma

27 mrt 2019 - 13:45

It programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân hat in NL Award wûn foar it bêste radioprogramma. Programmamakker Geartsje de Vries wûn mei har radiodokumintêre oer transgender Manon. Manon Barendsen út Snits fertelt yn de dokumintêre hiel iepen oer har oergong fan man nei frou. De prizen foar de NL Awards waarden woansdeitejûn útrikt yn Zeist.

Yn de dokumintêre "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere" is Manon Barendsen iepen oer har oergong fan man nei frou. Dat hâldt hiel wat yn, net allinnich lichaamlik, ek psychysk. Programmamakker Geartsje de Vries fan Buro de Vries tekene it ferhaal op en wûn dêrmei dizze NL Award.

De dokumintêre De Joadske Brulloft en it item oer de readbûnte kij wiene ek nominearre, mar foelen bûten de prizen.

De NL Awards binne in inisjatyf fan de haadredakteuren fan regionale omroppen, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen. De prizen wurde alle jierren útrikt op it NL Media Event.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)