Omrop Fryslân siket super-Friezinnen

16 apr 2018 - 12:33

Foar it nije programma 'Froulju fan Fryslan' is Omrop Fryslân op syk nei bysûndere froulju. Omrop Fryslân ropt fan hjoed ôf elkenien op om in Fryske powerfrou te nominearjen fan wa't in stânbyld makke wurde moat. Wa kent in super-Friezinne?

Der steane yn Fryslân benammen stânbylden fan manlju. Tiid foar feroaring fynt Omrop Fryslân. Dêrom sykje byldzjend keunstner Natasja Bennik en programmamakker Marleen Godlieb foar Froulju fan Fryslân gewoane froulju om boarstbylden fan te meitsjen. Froulju dy't wichtich binne op watfoar manier dan ek; yn de famylje, it doarp of de feriening. It giet dus net om histoaryske of ferneamde froulju, mar krekt om de buorfrou om de hoeke. Minsken kinne in powerfrou yn harren omjouwing nominearje fia Omropfryslan.nl/fff.

Ut alle nominaasjes fan Fryske froulju wurde tal fan froulju keazen fan wa't echte brûnzen boarstbylden makke wurde troch keunstner Natasja Bennink. Dat hiele proses wurdt folge troch programmamakker Marleen Godlieb foar in telefyzjerige mei deselde namme; Froulju fan Fryslân. Yn de searje draait it om wat de keazen froulju sa bysûnder makket. Dy froulju wurde yn bewegend en taastber byld ferivige. It folsleine projekt, bylden en de telefyzjerige, wurde fan it hjerst op It Hearrefean ûntbleate en sille letter har definitive plak yn Ljouwert krije. It proses is ek te folgjen op Facebook.com/frouljufanfryslan en makket ek diel út fan LF2018.

Foar it projekt is in crowdfundingsaksje op tou set. Foar de minsken dy't in bydrage dogge binne der ferskate tsjinprestaasjes betocht. Sjoch foar mear ynformaasje op Voordekunst.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download ident.jpg (183.58 KB)
(advertinsje)