Omrop Fryslân past programmearring oan fanwegen Coronafirus

13 mrt 2020 - 15:24

Omrop Fryslân past fanwegen it Coranafirus fan hjoed ôf de programmearring oan. Yn it wykein binne der ekstra edysjes fan it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed te sjen. Kommende snein is der ek live in tsjerketsjinst (sûnder tsjerkegongers) te folgjen. Op radio, telefyzje en online wurdt it aktuele nijs op 'e foet folge en wurde as dat nedich is ekstra programma's útstjoerd. Alle nijs oer it Coronafirus kin sawol yn it Frysk as it Nederlânsk folge wurde op Omropfryslan.nl en de Omrop-app fia in liveblog.

Guon programma's mei publyk en gasten wurde foarearst net of yn in oanpaste foarm útstjoerd.
It giet dan bygelyks om programma's as Noardewyn Live (gjin útstjoering) en Op & Ut (oanpaste ferzje). Yn it radioprogramma Op & Ut fan kommende sneon sille de gasten allinne telefoanysk 'oanskowe'. Yn de útstjoering, mei René Koster as presintator, kinne minsken ek ynbelje om te fertellen hoe't sy harren tiid trochbringe no't in soad aktiviteiten en eveneminten net troch gean kinne.

Live tsjerketsjinst
Yn ferban mei it Coronafirus ferfalle yn Fryslân de kommende wiken hast alle tsjerketsjinsten.
Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoert de Omrop kommende snein fan 10.00 oere ôf live in tsjinst út. De tsjinst komt út de Martinitstjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dominy Sytze Ypma en Jochem Schuurman as oargelist. In part fan it Kwartettekoar wurket ek mei oan de tsjinst. By de spesjale tsjerketsjinst binne gjin tsjerkegongers oanwêzich. De live útstjoering is te folgjen op telefyzje, radio en online.

(advertinsje)