Omrop Fryslân organisearret Circom konferinsje

11 jan 2018 - 15:43

Publike omroppen út 33 lannen op 24 en 25 maaie yn Ljouwert

Omrop Fryslân is gasthear fan de 36ste jierlikse konferinsje fan de feriening fan Europeeske regionale omroppen; Circom. De konferinsje wurdt op 24 en 25 maaie holden yn De Harmonie yn Ljouwert. It tema fan de konferinsje is 'Are we connected?'. Fanwegen Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 (LF2018) sil der ek rom omtinken wêze foar kultuer en taal.

Circom is de organisaasje fan Europeeske publike regionale omroppen en hat leden út 33 Europeeske lannen. De dielnimmende omroppen fariearje fan omroppen lykas de BBC en France Televisions oant it Albaneeske RTSH en Omrop Fryslân.

By de konferinsje sille ferneamde persoanen út de ynternasjonale mediawrâld sprekke en dêrnjonken litte tal fan omroppen harren bêste wurk sjen. De dagen foar de konferinsje binne der workshops foar Europeeske sjoernalisten by Omrop Fryslân. Op tongersdeitejûn 24 maaie wurde de Prix Circom's útrikt; de jierlikse Europeeske omropprizen. Omrop Fryslân wûn yn 2017 in Prix Circom foar it berneprogramma 'Kening Hert & Harry Hazze'.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân, tagelyk Vice-presidint fan Circom, is bliid dat Omrop Fryslân de konferinsje organisearje mei: "De Circom-konferinsjes binne altyd tige ynspirearjend foar sjoernalisten, benammen om'tst der sjochst hoe't der yn oare lannen wurke wurdt en omgien wurdt mei tema's dy't hjir ek spylje. Dêrnjonken falt de konferinsje gear mei LF2018 en dat betsjut dat wy Ljouwert, Fryslân en Omrop Fryslân op harren bêst sjen litte kinne oan sjoernalisten út hiel Europa.''

It eksakte programma fan de konferinsje is noch net bekend, itselde jildt foar de nammen fan de sprekkers. Nei ferwachting sil it folsleine programma yn maart bekend wêze. Mear ynformaasje oer Circom is te finen op: Circom-regional.eu.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download circom.jpg (339.93 KB)
(advertinsje)