Omrop Fryslân nominearre foar in NL Award

14 mrt 2018 - 11:19

Omrop Fryslân is yn de kategory 'Beste radioprogramma' nominearre foar in NL Award. De nominaasje is foar de searje 'Ferhalen fan it Waad' fan Buro de Vries. De NL Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. De prizen wurde útrikt op woansdei 4 april op it NL Media Event.

De sjuery hat ien ôflevering, oer waadrinnen, beharke en hat de rige nominearre. Yn de rige binne programmamakkers op syk nei de leafde foar it Waad. It natuergebiet rekket elkenien, mar wêrom, hoe en wannear? Antwurd op dy fragen fine de programmamakkers yn persoanlike petearen en troch sels te ûnderfinen wat der te belibjen falt op it Waad.

Programmamakker Geartsje de Vries is tige bliid mei de nominaasje: "Ik fyn dit echt in wurdearring foar it âlderwetske radiomeitsjen. Ik sis altyd tsjin minsken: 'Doch dyn eagen mar ticht en lit dyn eigen fantasy gean.' Ik fyn it wichtich om byldzjend radio te meitsjen en dat is wat wy mei dizze searje ek echt dien hawwe. Mei de reportaazje oer it waadrinnen haw ik fan begjin oant ein ferteld wat ik die en seach. Dit is in moaie wurdearring foar ús hiele team."

De NL Awards binne in inisjatyf fan Stichting RPO, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan publike, regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen. De
NL Awards wurde útrikt op woansdei 4 april op it NL Media Event.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)