Omrop Fryslân makket live programma by iepening LF2018

23 jan 2018 - 09:30

Op de jûn fan de offisjele iepening fan LF2018, sneon 27 jannewaris, komt Omrop Fryslân fan 20.30 oere ôf mei in live telefyzjeprogramma oer LF2018 en de iepening. Yn it programma 'Finster op 2018' wurdt in oantal kulturele aktiviteiten beljochte. Dêrnei is de offisjele iepening, dy't troch de AVRO/TROS útstjoerd wurdt, fan 21.35 oere ôf ek live te sjen by Omrop Fryslân.

Finster op 2018 sketst in byld fan it kulturele jier 2018 oan 'e hân fan reportaazjes en petearen oan tafel mei presintatrise Karen Bies. Mei ûnder oare: Het Grote Grutto Theater, dêr't je it libben fan in skries meibelibje kinne; Iepen Doarp mei ferhalen fan alle ynwenners fan Feanwâldsterwâl en Sjen yn it tsjuster, in teätrale kuier yn Burchwert. Miranda Werkman stiet foar Omrop Fryslân yn it hert fan Ljouwert om live ferslach te dwaan fan ûnder oare de oankomst fan it Keninklik pear by Stadsschouwburg De Harmonie.

Omrop Fryslân is freedtejûn 26 jannewaris live by it evenemint Ferhalen 2018. Rûnom yn de provinsje dogge minsken harren doarren iepen en fertelle se ferhalen. Op fiif plakken binne dêr ferslachjouwers by dy't elkenien meigenietsje litte fan de ferhalen fia in livestream op Facebook. Sy binne ûnder oare yn de Wettertoer fan Snits, it Earmhûs Museum yn Warten en op in bysûndere lokaasje tusken Egypte en Frankryk. De livestream begjint om 20.00 oere en is te finen op de Facebookpagina fan Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)