Omrop Fryslân lûkt in miljoen sjoggers mei Maartens Alvestêdetocht

25 jun 2019 - 16:34

De ôfrûne dagen hat Omrop Fryslân alle rekôrs brutsen mei de non-stop útstjoering fan de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden. Hast in miljoen minsken hawwe nei de Omrop sjoen en de online kanalen lutsen rom in miljoen besiten. Ut de hiele wrâld wei streamden de berjochten binnen. Op it hichtepunt fan de live-útstjoering op telefyzje moandeitejûn seagen der likefolle minsken nei de Omrop as nei bygelyks NPO3.

Nina Hiddema, direkteur fan Omrop Fryslân: "Dit befêstiget noch mar ris de enoarme krêft fan de regionale omroppen".

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)