Omrop Fryslân lansearret nij Koperkanaal mei fideo

06 nov 2017 - 14:12

Omrop Fryslân lansearret hjoed in nije fariant fan Koperkanaal: in online fideokanaal mei opnamen fan muzykkonkoersen en festivals. Mei muzyk fan harmony, fanfare en brassband. It nije kanaal is in oanfolling op de non-stop audiostream Koperkanaal, it radioprogramma Koperkanaal FM en de livestreaming fan HaFaBra eveneminten. Mei Koperkanaal wol Omrop Fryslân HaFaBra muzyk beskikber stelle foar in breed publyk. De nije fideo-edysje fan Koperkanaal is te finen fia Youtube.com/user/OmropFryslan/channels.

Omrop Fryslân fersoarget regelmjittich livestreaming fan konkoersen en festivals, de lêste jierren hieltyd faker mei byld. Fan hjoed ôf binne de opnamen fan optredende orkesten werom te sjen op de fideo-edysje fan Koperkanaal. Op it nije Koperkanaal binne no sa’n 35 opnamen te finen fan ûnder oare Surventobrass en de brassbands fan it Gouden Spiker Festival. It kanaal sil de kommende jierren fierder útwreide wurde.

It nije Koperkanaal is fan ‘e middei live op de radio yn gebrûk naam yn it programma De Middei fan Fryslân. De lansearring waard dien troch presintator Femke de Walle en de diriginten Andries de Haan en Sijtze van der Hoek. De Haan en Van der Hoek fersoargje foar Omrop Fryslân it kommentaar en de ynterviews mei diriginten en orkestleden by de livestreaming fan HaFaBra eveneminten.

De earstfolgjende fideo- en audio opnamen foar Koperkanaal wurde op 18 novimber makke by it OMF muzykkonkoers yn De Lawei yn Drachten. It konkoers is fan 12.00 oere ôf ek live te folgjen by Omrop Fryslân fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mei kommentaar en ynterviews fan Andries de Haan en Sijtze van der Hoek.

Koperkanaal by Omrop Fryslân:
- Fideokanaal: Youtube.com/user/OmropFryslan/channels
- Audiostream: Omropfryslan.nl/koperkanaal
- Koperkanaal FM: alle sneins tusken 6.00 en 8.00 oere op ‘e radio, 92.2 FM


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)