Omrop Fryslân komt mei Freule Kafee

25 maaie 2018 - 07:23

Yn de simmer fan 2018 iepenet Omrop Fryslân de doarren fan twa keatskafees. Nij is it Freule Kafee yn It Reade Hynder yn Wommels dat op tiisdei 7 augustus fan 19.00 oant 20.00 oere op radio te folgjen is. Fansels komt ek it fertroude PC Kafee werom op tiisdei 31 july yn de Bogt fen Gunee yn Frjentsjer.

Yn it Freule Kafee ûntfange presintator Geert van Tuinen en co-host en topkeatser Sjoerd de Jong de keatsbeloften fan it momint. Fan 18.00 oant 19.00 oere sjogge sy mei harren foarút nei de wichtichste partij by de jonges tusken de 14 en 16 jier âld: de Freulepartij. In oere letter is dat alles op de radio te hearren. Ek it PC Kafee komt dizze simmer mei in nije edysje, mar sil dit jier allinnich op 31 july iepen gean.

Jacqueline Spendel, projektmanager by Omrop Fryslân: ''Wy sjogge de Simmerkafees as de perfekte opwaarmer foar de grutte Fryske sporteveneminten. Dêrby is de kar makke om ien kafee te meitsjen foar alle grutte eveneminten, dêryn nimme wy de Freule dit jier mei. Presintator Geert van Tuinen fertelt: "De PC Kafees haw ik jierren mei hert en siel makke. Fansels moast ik wol efkes slikke dat wy yn stee fan fjouwer, mar ien PC Kafee meitsje dit jier.
Dêr tsjinoer stiet dat it prachtich is dat Omrop Fryslân ekstra omtinken jaan wol oan de Freulepartij en ús frege hat om it earste Freule Kafee te meitsjen. Dêr meitsje wy grif wat moais fan!''

Foarsitter fan de Freulepartij Johan van Tuinen jout oan út de skroeven te wêzen mei it nije Freule Kafee. ''Wy binne as bestjoer fan de Freulepartij tige ynnommen mei it feit dat wy mei Omrop Fryslân in kafee opsette. Neffens my is dat, om yn keatstermen te bliuwen, in boppeslach foar beide organisaasjes en fansels de harkers. Wy wolle graach in úthingboerd wêze op sportyf mêd en mei it Freule kafee sil dit grif noch better slagje.''

Simmerkafees:
Yn de simmer fan 2018 komt Omrop Fryslân mei fiif Simmerkafees, wêryn't de Fryske sporten sintraal steane. Neist de keatskafees is der in SKS Kafee op 3 augustus, in Fierljep Kafee op 10 augustus en in IFKS Kafee op 17 augustus. De útstjoeringen wurde letter as podcast oanbean.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)