Omrop Fryslân haadpoadium op Bevrijdingsfestival

08 mrt 2019 - 14:01

It Noardewyn Live poadium fan Omrop Fryslân is beneamd ta twadde haadpoadium op it Bevrijdingsfestival Fryslân. It poadium sil ek dit jier te finen wêze yn de Arendstuin yn Ljouwert. Under oaren Elske DeWall, The Bounty Hunters, Eenhoorn Joost en De Doelleazen sette it Noardewyn Live poadium op 'e kop.

"It Noardewyngefoel past perfekt by it Bevrijdingsfestival", fertelt presintator Willem de Vries. "We fiere in selde soart fan frijheid. Op it Bevrijdingsfestival stiet men stil by hoe wichtich frijheid is, by Noardewyn Live is der alle frijheid om sjen te litten watst kinst."

Om 13.00 oere trapet it koar All for one ôf. Dêropfolgjende binne der optredens fan The Bounty Hunters en Elske DeWall. Fierder spylje Frisicana, William seen's transport music, The Kilkennys, De Hûnekop, Daredevils, Eenhoorn Joost en De Doelleazen.

"De line-up foar it Bevrijdingsfestival is prachtich. Ik wie efkes bang dat wy der net mear oerhinne koenen nei ferline jier, de reüny fan Wâldrock. Mar ek dit jier steane der fantastyske artysten. Ik bin de smaroalje, de gasten binne de show, it publyk makket it feest kompleet", sa seit in blide Willem.

Noardewyn Live op it Bevrijdingsfestival Fryslân
It folsleine programma is fan 13.00 oant 22.00 oere te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Ek op radio sil it Noardewyn Live programma yn flitsen te folgjen wêze. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/noardewyn.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)