Omrop Fryslân giet oer op newsroomsysteem NOS

20 des 2017 - 08:46

NOS en Omrop Fryslân ferdjipje lanlik-regionale publike gearwurking

Omrop Fryslân sil fan kommend foarjier ôf mei iNOS wurkje, it redaksjesysteem fan de NOS. In newsroomsysteem is it hert fan alle redaksjes. Alle ynformaasje lykas teksten, draaiboeken en bylden dy't foar útstjoeringen en ynternet brûkt wurde, komme út dat systeem. iNOS is troch de NOS sels ûntwikkele, foar gebrûk troch de NOS-redaksjes yn Hilversum en Den Haag en op lokaasje.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is bliid mei de gearwurking mei de NOS: "Wy binne hurd ta oan in nij newsroomsysteem. iNOS hat foar de redaksje as grutste foardiel dat it in troch sjoernalisten ûntwikkele, hiel gebrûksfreonlik systeem is. Dêrneist makket it de útwikseling fan kontent tusken Omrop Fryslân en de NOS makliker. Dat is sjoen de hieltyd nauwere gearwurking in grut foardiel."

Omrop Fryslân is de twadde regionale omrop dêr't iNOS ynfierd wurdt, nei Omroep Zeeland, dêr't it systeem al hast twa jier ta grutte tefredenens funksjonearret. Waarnimmend algemien direkteur Geert Hofman fan de NOS en Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster fine de gearwurking mei de regionale omroppen wichtich. Hofman: "We hebben iNOS bewust beschikbaar gesteld aan de regionale omroepen. Dat biedt niet alleen flinke praktische voordelen, maar het bewijst ook het grote belang dat we hechten aan de samenwerking tussen de landelijke en de regionale publieke omroepen en aan het efficiënt omgaan met belastinggeld."

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Image icon Download inos.jpg (50.89 KB)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)