Omrop Fryslân fiif kear nominearre foar NL Awards

27 feb 2020 - 15:34

Omrop Fryslân is yn fiif fan de sân kategoryen nominearre foar in NL Award. De NL Awards binne de jierlikse prizen foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. De kategoryen dêr't de Omrop in kâns yn makket om te winnen binne: Eigen Nieuws, Radioprogramma, Online-project, TV-programma en Cross/transmediaal project.

Mear ynformaasje oer de nominaasjes fan Omrop Fryslân en links nei de programma's: Omropfryslan.nl/nijs/942528-omrop-fryslan-fiif-kear-nominearre-foar-nl-awards.

De NL Awards binne in inisjatyf fan Stichting RPO, it gearwurkings- en koördinaasjeorgaan foar de regionale publike omrop yn Nederlân. De awards wurde útrikt op woansdei 25 maart by it NL Media Event.

Mear ynformaasje oer alle nominaasjes en de NL Awards:
Stichtingrpo.nl/minister-slob-reikt-op-25-maart-de-gouden-nl-award-uit/.
 

(advertinsje)