Omrop Fryslân falt yn de prizen

22 mrt 2017 - 19:08

Omrop Fryslân hat woansdei 22 maart trije NL-Awards yn ‘e wacht sleept yn de kategoryen ‘Duiding’, ‘Beste radioprogramma’ en ‘Documentaire’. De NL-Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. Omrop Fryslân wie mei seis nominaasjes yn de sân kategoryen de omrop dy’t it meast nominearre wie foar de NL-Awards.

Alle winners en kollega’s binne tige bliid mei dizze wurdearring. Haadredakteur Klaas Geert Bakker: "Ik bin hielendal út de skroeven oer de trije NL-Awards dy't wy wûn hawwe. Mar alle ear giet fansels nei de makkers. It jout oan dat wy mei de Omrop op de goede wei binne en mei geane mei de tiid. Wat wy meitsje docht der ta en dat wurdt ek bûten Fryslân sjoen."

Yn de kategory ‘Duiding’ wûn Omrop Fryslân mei ‘Mohammed’, in rige reportaazjes fan Simone Scheffer oer de Syryske famylje Haj Ali dy’t in septimber 2015, nei in lange reis, yn de krisisopfang fan Harns terjochte kaam. De ferslachjouwer folge in jier lang harren paad troch Noard-Nederlân. De reportaazjes oer Mohammed binne werom te finen op: Omropfryslan.nl/category/trefwurden/mohammed-adzjali.

Yn de kategory ‘Beste radioprogramma’ wûn de radiodokumintêre ‘Burn-out by jongeren’ fan Annagreet Miedema. Hoe komt it dat hieltyd mear jongeren in burn-out krije? Yn de dokumintêre fertelt Annagreet, twa jier nei’t sy in burn-out krige, har persoanlike ferhaal. De dokumintêre is hjir werom te harkjen: Omropfryslan.nl/utstjoering/buro-de-vries-fan-19-juny-2016-1100

‘It Swarte Goud’ wûn yn de kategory ‘Documentaire’. It Swarte Goud is in rige dokumintêren oer de betsjutting fan it Frysk hynder as eksportprodukt, mar ek as symboal fan de Fryske identiteit. Yn de maitiid fan 2016 waard it ras offisjeel útroppen ta moaiste hynder fan ‘e wrâld. De dokumintêrerige It Swarte Goud is werom te sjen op de webside fan Omrop Fryslân: Omropfryslan.nl/swartegoud.

De NL-Awards binne in inisjatyf fan Stichting ROOS, om de kwalitatyf heechsteande produksjes fan publike, regionale omroppen mear ûnder de oandacht te bringen. De prizen binne lykas foargeande jierren útrikt op de ROOS Dagen. Neist de trije winners wiene ek de Omrop-produksjes: Kening Hert en Harry Hazze, Fiel de Nacht en De Camper nominearre foar in NL-Award. Sjoch foar mear ynformaasje oer de NL-Awards op: http://nl-awards.nl/.


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)