Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn: wurkje gear foar PC Kafees

30 maaie 2018 - 13:12

Ek dit jier is De Bogt fen Guné it toaniel fan fjouwer PC Kafees. Dizze simmer wurkje Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn dêryn gear. Trije fan de útstjoeringen binne by de lokale stjoerder Radio Eenhoorn te hearren op 27, 28 en 29 july. In dei foar de PC, op tiisdei 31 july, wurdt de rige ôfsletten by Omrop Fryslân op de radio.

Op inisjatyf fan it PC bestjoer is der kontakt lein tusken Omrop Fryslân en Radio Eenhoorn om de opsjes foar de, yn totaal fjouwer, PC Kafees te besjen. Mei sukses: op freed 27 july, om 18.00 oere, en op 28 en 29 july, om 11.00 oere, is it PC Kafee live te hearren by Radio Eenhoorn. Op 31 july is it PC Kafee fan 19.00 oere ôf op de radio te hearren by Omrop Fryslân.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker en projektmanager Jacqueline Spendel fan Omrop Fryslân binne tige optein oer de gearwurking. "It is prachtich dat op dizze wize alle partijen in boppeslach meitsje. Dêrnjonken is it foar de Omrop en Radio Eenhoorn in moaie oanlieding om fierder te praten oer strukturele gearwurking tusken beide stjoerders.''

Foarsitter fan Radio Eenhoorn,Tinus Boomstra: ''Radio Eenhoorn is de keatsstjoerder fan Fryslân, dêr past it PC Kafee hiel goed by. De gearwurking mei Omrop Fryslân wurdt dêr allinnich mar better fan en dêr binne wy bliid mei.''

Geert van Tuinen sil alle fjouwer PC Kafees presintearje en gearstalle. Hy is foar de earste trije PC Kafees wer werom by de radiostjoerder dêr't it foar him allegearre begûn as programmalieder yn 1987. Hy seit dêroer: ''Ik fyn it hartstikke moai dat ik mei trije fan de fjouwer PC Kafees werom bin by Radio Eenhoorn. It stasjon dat ik ea noch sels oprjochte haw."

PC Frjentsjer 2018
Sa as alle jierren is de lotting fan de PC op moandei 30 july live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. De taspraak fan PC foarsitter Ids Hellinga, foarôfgeand oan de keatspartijen op 1 augustus, is te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Oanslutend binne te keatspartijen te folgjen op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)