Omrop Fryslân en NH Media folgje ferbouwing Ofslútdyk

12 jun 2019 - 15:41

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in yngreven ferbouwing. De ikoanyske dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. De regionale omroppen NH Media en Omrop Fryslân sille de wukrsumheden folgje en it ferhaal fertelle fan de Ofslútdyk. Dit wurdt mei mooglik makke troch Rijkswaterstaat en projektburo De Nieuwe Afsluitdijk.

Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld. Troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen ha. Minsken dy't der wenje, wurkje, rekreëarje of der eltse dei gebrûk fan meitsje. Foar harren is de Ofslútdyk mear dan allinne 32 kilometer asfalt.

Unike gearwurking
Alle partijen sjogge út nei de unike gearwurking. Douwe Boersma fan Omrop Fryslân: "Ferhalen fertelle sit by ús as regionale omroppen yn it DNA. De minsken yn de reportaazjes litte sjen hoe wichtich de Ofslútdyk foar ús is." De reportaazjes binne te sjen op alle kanalen fan de beide regionale omroppen. Neist de persoanlike ferhalen oer de Ofslútdyk sil der ek in soad omtinken wêze foar baanbrekkende ynnovaasjes en techniken. Jacky de Vries fan NH Media: "Mooi om op deze manier samen te werken en volop aandacht te besteden aan zo'n immens project." Margo van Staveren fan Rijkswaterstaat: "We werken graag mee aan dit project van Omrop Fryslân en NH Media. Op deze manier kunnen wij als Rijkswaterstaat laten zien waar we mee bezig zijn, wat het belang is van een sterke Afsluitdijk en waarom je als gebruiker van de dijk iets langer onderweg bent." Tjalling Dijkstra fan projektburo De Nieuwe Afsluitdijk: "De huidige werkzaamheden aan de Afsluitdijk zijn bijna net zo interessant als de aanleg. Het is daarom mooi dat we met de regionale omroepen op een eigentijdse manier de plannen en de betekenis van de Afsluitdijk vastleggen, net als de Polygoon-Journaals destijds."

Gigantyske put
Neist it ferheegjen en fersterkjen fan de dyk, komme der ekstra spuislûzen en gemalen en wurdt de feillichheid fan de dyk ferbettere. Ek wurdt in fiskmigraasjerivier oanlein en binne der ferskate inisjativen foar ynnovative en duorsume enerzjyfoarmen. Al mei al in gigantyske put dêr't in soad minsken de kommende jierren oan wurkje. Minsken en wurksumheden dy't folge wurde yn de reportaazjes fan NH Media en Omrop Fryslân. De reportaazjes wurde ek ferwurke ta in kompilaasje, dy't by de foltôging fan de wurksumheden útstjoerd wurdt troch beide regionale omroppen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 en Mark Pier, manager konsepten en projekten NH Media/AT5: 06 54 604 779, mark.pier@nhmedia.nl.

(advertinsje)