Omrop Fryslân en it Noordelijk Film Festival

02 nov 2018 - 12:57

Omrop Fryslân is folop belutsen by it Noordelijk Film Festival dat takom wike plakhat yn Ljouwert. Fan moandei 5 oant en mei freed 9 novimber is der alle jûnen om 21.00 oere in telefyzjeprogramma te sjen mei films, reportaazjes en petearen. Dêrnjonken presintearret Omrop Fryslân tal fan films op it festival en boppedat is de Omrop mediapartner.

Tv-programma
It telefyzjeprogramma oer it Noordelijk Film Festival komt út De Harmonie yn Ljouwert wei en wurdt presintearre troch Karen Bies. Mei alle dagen reportaazjes en petearen mei gasten oer films, mar ek oer ûnderwerpen lykas it filmklimaat yn it Noarden en in nije generaasje filmmakkers. Dêrnjonken binne der alle dagen films te sjen dy't makke binne yn Noard-Nederlân.

De Stormruiter
Op woansdei 7 novimber giet de filmregistraasje fan 'De Stormruiter' yn premjêre op it filmfestival, om 19.00 oere yn De Harmonie. Dat bysûndere muzykteaterstik oer de striid tsjin it wetter en oer it ûntstean fan it Fryske hynsteras is no op it grutte doek te sjen. Op earste en twadde krystdei is de film ek te sjen by Omrop Fryslân.

De Joadske brulloft
Op snein 11 novimber is der fan 15.15 oere ôf in spesjaal argyf-programma yn Filmhuis Slieker. It programma begjint mei de filmferzje fan 'De Joadske Brulloft', in Fryslân DOK dy't ek nominearre is foar in Noorderkroon award. De film giet oer de flecht fan it Joadske pear Barend en Mimi Boers yn de Twadde Wrâldoarloch en oer harren bern dy't de flechtrûte jierren letter folgje. De film wurdt fertoand yn kombinaasje mei 'The Forgotten Soldier'. In film oer in dochter op syk nei it ferhaal fan har heit, Sally Noach. Hy rêde yn de oarloch hûnderten Joaden yn Lyon. Ek Barend en Mimi Boers.

En mear
Op it Noordelijk Film Festival binne fierders ek noch de Fryslân DOK's 'Gruttopia' en 'De Striid' te sjen. De Striid giet oer triatleet Jacob Veenstra en de Fryske triatlon Frysman. De dokumintêre, dy't ek nominearre is foar in Noorderkroon award, is op 9 novimber om 10.45 oere te sjen yn Slieker. Gruttopia giet oer de ferbining tusken de Fryske skries Amalia en de Fryske fûgeler en komponist Sytze Pruiksma en is op snein 11 novimber om 15.15 oere te sjen yn De Harmonie. Yn De Harmonie is yn de LC-foyer ek alle dagen de film 'It geheim fan de Deelen' te sjen. Yn dy film nimt Omrop Fryslân de sjogger op in bysûndere wize mei yn de ûnder- en boppewetterwrâld fan it natuergebiet De Deelen.

Omrop Fryslân hat mei Fryslân DOK fierders stipe jûn oan twa oare projekten dy't yn it programma fan it Noordelijk Film Festival opnommen binne: de koarte dokumintêren fan 'Nije Eagen' en de films fan 'Sailing on the Grass'; Fryslân troch de eagen fan net-Friezen.

Sjoch foar mear ynformaasje op: Omropfryslan.nl/nff.


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)