Omrop Fryslân en de Ferkiezings

12 mrt 2015 - 11:12
De ferkiezings foar Provinsjale Steaten en it Wetterskip binne by Omrop Fryslân wiidweidich te folgjen yn in ferskaat oan spesjale programma’s. In dei op it wetter, snein 15 maart fan 08.00 oant 18.00 oere live op Omrop Fryslân Radio en Televyzje en Omroplive.nl De programma's komme út ús mobile studio wei, dy't op 'e dyk by it Woudagemaal op 'e Lemmer stiet. Alles stiet yn it ramt fan wetter. Mei gasten yn de studio en ferslachjouwers op 'en paad geane we troch de provinsje by slûzen, diken, wettersuvering en it Waad del. Ek komme der nijsgjirrige gasten oan tafel, binne der speed-dates mei de listlûkers fan de wetterskipsferkiezings en in diskusje yn Buro de Vries oer Fryske wettersaken. De (wetter)dreamen fan Friezen kinne de hiele dei fia de social media opstjoerd wurde. Dreamen foar Fryslân en it Ferkiezingsdebat, tiisdei 17 maart om 18.15 oere live op Omrop Fryslân Televyzje It Ferkiezingsdebat wurdt organisearre troch Omrop Fryslân en de Ljouwerter krante. It debat is live te folgjen op 'e televyzje mei de listlûkers fan de partijen dy’t meidogge oan de Provinsjale Steateferkiezings. De sittende partijen sille yn ien-op-ien debatten mei inoar yn de slach oer de takomst fan ús provinsje. Ek krije se de romte om har dream foar Fryslân oan de kiezers oer te bringen. Gerrit Breteler sil in kritysk liet fersoargje oer de Fryske polityk en Asing Walthaus fan de Ljouwerter Krante sil de boel oereidzje. En alle nije partijen komme ek oan it wurd oer harren programma’s en plannen mei Fryslân. Provinsjale Steateferkiezings, woansdei 18 maart, fan 6.00 oant 1.00 oere op Omrop Fryslân Radio, Televyzje en Ynternet Oerdei docht Omrop Fryslân ferslach fan it stimmen en de opkomst. Jûns fan 19.00 oere ôf begjint in spesjaal radioprogramma oer de ferkiezings, streekrjocht út it provinsjehûs wei. Fan 21.00 oere ôf is dat ek op televyzje en ynternet te sjen. Presintatoaren Andries Bakker en Jan Durk de Haan ûntfange gasten út de Fryske polityk. Hoe is bygelyks de kampanje ferrûn? Wêr hawwe de partijen op ynset en hoe hat dat foldien? Fierder oan tafel: trije polityk ferslachjouwers; fan de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en Omrop Fryslân. Om 21.00 oere slute de stimbussen en begjint it tellen. Sa gau't der útslaggen binne, bringt Omrop Fryslân dy op radio, televyzje en ynternet. Oanfolle mei de earste reaksjes, analyzes en kommentaren. It spesjale mienskiplike programma út it provinsjehûs wei duorret oant 1.00 oere nachts. Ferkiezingsdebat, tongersdei 19 maart, 17.15 oere op Omrop Fryslân Televyzje Yn in spesjale útstjoering prate we nei oer de útslach fan de ferkiezings mei de politisy en sjoernalisten. Wat binne de konsekwinsjes fan de útslach, wa binne de winners en wa de ferliezers en hokker koälysje sil der yn Provinsjale Steaten komme? Dit live-debat is fan 17.15 oere ôf op televyzje te sjen. Noat foar de redaksje: Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)