Omrop Fryslân docht 20 jier nei dato SimmerTime oer

26 aug 2020 - 14:25

Simmer 2000, mar benammen ek it slotkonsert SimmerTime, wie in hiele belibbing. Tweintich jier letter docht Omrop Fryslân it nochris oer. Omrop Fryslân lit sneon 29 augustus deselde artysten it spektakulêre SimmerTime op 'e nij útfiere. It konsert is de ôfsluting fan in simmer lang omtinken foar Simmer 2000 yn it programma Sneon yn Fryslân. Yn ferbân mei de coronamaatregels is it konsert diskear ek allinne fia radio en telefyzje te folgjen.

De Kast, Piter Wilkens, Albert Bonnema en Maaike Schuurmans komme op 29 augustus nei Boazum om it magyske konsert nochris oer te dwaan. Sneon yn Fryslân is dêr live by, alles is foar eltsenien live te folgjen fan 13.00 oant 18.00 oere op radio en telefyzje by Omrop Fryslân.

Simmer 2000, is in begryp yn ús provinsje. Trije wike lang waarden der tal fan aktiviteiten organisearre. Friezen om utens kamen mei Simmer 2000 werom nei Fryslân. Dy trije wiken mei eveneminten, eksposysjes en foarstellingen waarden ôfsletten mei in grut slotkonsert mei optredens fan De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans en Albert Bonnema.

Presintator en ferslachjouwer Geert van Tuinen is inisjatyfnimmer fan dit projekt by Omrop Fryslân: "Wy binne der efterkaam dat Simmer 2000 en de muzyk noch hieltyd libbet. Alles kaam dat jier byinoar yn in prachtige konsert en dus moast dat der dit jier fansels ek komme."

Simmer 2000 yn 2020
Yn de simmer fan 2020 seach Omrop Fryslân acht wiken lang werom op dy magyske simmer. Dit feestlike weromsjen begûn sneon 11 july mei in lokaasje útstjoering yn Boazum. Fierders binne der alle sneonen yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân ferskate reportaazjes útljochte en gasten ûntfongen yn de studio. Mei in grut slotstik kommende sneon wurdt de weromblik op in heuchlike wize ôfsletten.

It SimmerTime konsert is sneon 29 augustus live te folgjen fan 13.00 oant 18.00 by Omrop Fryslân op radio en telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Boarnefermelding ôfbylding: Omrop Fryslân

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 06 - 31 59 02 12.

(advertinsje)