Omrop Fryslân bringt earbetoan oan Joop Mulder

13 jan 2021 - 13:34

"Ik wilde vroeger heel graag balletdanser worden", sei Joop Mulder yn 1992 tsjin ynterviewer Geart de Vries. It Oerolfestival bestie doe 10 jier, en Omrop Fryslân wie op Skylge om de tariedingen foar it festival fan tichtby te filmjen. De dokumintêre 'Joop Mulder- kapitein Oerol' wurdt no op 'e nij útstjoerd op telefyzje troch Fryslân DOK. As earbetoan oan Joop Mulder, dy't ferline wike hommels ferstoar.

Balletdûnser, dêr wie Joop nei eigen sizzen net geskikt foar, mar kultureel ûndernimmer wie hy yn ieren en sinen. Joop Mulder slagge der yn om it Oerolfestival op Skylge, dat begjin jierren tachtich úteinsette mei lytsskalige teäteroptredens yn âlde boereskuorren, grut te meitsjen. Oerol groeide út nei in jierliks festival mei hûnderten acts út binnen -en bûtenlân, dêr't tsientûzenen minsken op ôf komme. Ek doe't Joop Mulder in pear jier ferlyn in stap werom die, bleau er 'kapitein Oerol' en wie hy bekend yn it hiele lân. De skrik wie dan ek grut, doe't ôfrûne snein it berjocht kaam dat Joop Mulder ferstoarn wie, 67 jier âld.

Fan hippy oant festivalorganisator
Fryslân DOK stjoert de dokumintêre 'Joop Mulder - Kapitein Oerol' kommend wykein nochris út, by NPO2 en by Omrop Fryslân. De film fan Geart de Vries út 1992 jout in moai byld fan wat doe eksperiminteel teäter wie, en no in nostalgysk gefoel opropt. Joop Mulder giet mei artysten de dunen yn, op syk nei in geskikt plak foar harren foarstelling. De kamera is op de souderkeamer boppe Café de Stoep, it haadkertier fan de Oerol-organisaasje, dêr't frijwilligers dei en nacht wurkje, telefoans rinkelje en typmasines rattelje. En de jonge Joop Mulder, dy't himsels beskriuwt: "Van hippie tot festivalorganisator. Maar van binnen ben ik natuurlijk altijd dezelfde gebleven."

Buro de Vries
Doe't Joop Mulder ôfskie naam fan Oerol bleau hy mei hert en siel belutsen by kultuer en it Waad. Syn projekt 'Sense of Place' is in keunstrûte by de hiele waadkust del, oant Denemarken ta. It radioprogramma Buro de Vries trof Joop Mulder yn 2017 oan de seedyk, eagjend oer it Waad. Ek dat ynterview is snein op 'e nij te hearren yn in spesjale útstjoering fan Buro de Vries.

Fryslân DOK 'Joop Mulder - kapitein Oerol' (1992)
Sneon 16 jannewaris, 15.30 oere, NPO2, (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 17 jannewaris, 13.10)
Snein 17 jannewaris,17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
Snein 17 jannewaris, Omrop Fryslân radio 92.2 FM: Buro de Vries

(Advertinsje)