Omrop Fryslân betinkt en fiert

29 apr 2016 - 17:12

Woansdei 4 maaie en tongersdei 5 maaie stiet Nederlân stil by de oarloch fan 71 jier lyn. Betinke dogge wy op woansdei 4 maaie mei de deadebetinking yn de Prinsetún, op radio en telefyzje wurdt dêr streekrjocht ferslach fan dien. In dei letter, op tongersdei 5 maaie, fiert Omrop Fryslân de befrijing mei in eigen poadium mei live muzyk op it ‘Befrijdingsfestival’ en ferslachjouwing fan it grut ferskaat oan befrijingsaktiviteiten.

De deadebetinking op woansdei 4 maaie yn Ljouwert begjint om 19.30 oere. Yn de oanrin nei de betinking stjoert Omrop Fryslân Radio fan 19.00 oere ôf in programma mei oanpaste muzyk út. Om 19.30 oere skeakelje radio en telefyzje live oer nei de Prinsetún. De presintaasje dêr leit yn hannen fan Omrop Fryslân presintator Eric Ennema. Foarôfgeand oan de betinking hâldt hy ynterviews mei ambassadeur fan de frijheid Piter Wilkens, in yn Ljouwert opfongen flechtling en in Kanadeeske âld-feteraan.

Omrop Fryslân Radio hat op tongersdei 5 maaie folop omtinken foar alle aktiviteiten rûnom Himelfeartsdei en befrijingsdei yn de Fryske haadstêd. Sa wurdt der ferslach dien fan it befrijingsfestival yn it sintrum fan Ljouwert en de blomkemerk. Fierder is der ek in seleksje fan de optredens op it Noardewyn-poadium op ‘e radio te hearren. Mei it keatsen yn Tsjummearrum wurdt ek de sport net fergetten op 5 maaie.

Befrijingsdei giet fansels net foarby sûnder it feestje op it Noardewyn-muzykpoadium oan de kop fan De Grienewei/De Wissesdwinger. Ek dit jier hat presintator Willem de Vries wer in oantal top-acts útnûge lykas Twarres, De Hûnekop en De Doelleazen. In bysûnder optreden komt fan New Life, in koar fan Syryske flechtlingen. It programma is fan 13.00 oant 16.00 oere live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje, op it festival spylje De Doelleazen noch wat langer troch. Jûns is in kompilaasje fan it programma te sjen om 17.10 oere en dêrnei fan 18.20 oere ôf alle oeren. Sjoch foar mear ynformaasje oer it Noardewyn-poadium en it ‘Befrijdingsfestival’ op www.omropfryslan.nl/befrijingsfestival en www.befrijdingsfestivalfryslan.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)