Omrop Fryslân betinkt en fiert

29 apr 2015 - 15:38

4 en 5 maaie op Omrop Fryslân Radio, Televyzje en Ynternet

De Deadebetinking en it Befrijingsfestival yn Ljouwert binne ek dit jier wer live te folgjen by Omrop Fryslân. Moandei 4 maaie wurdt op radio en televyzje streekrjocht ferslach dien fan de Deadebetinking op it Saailân. Op tiisdei 5 maaie fiert Omrop Fryslân dêrnei santich jier befrijing mei live ferslachjouwing fan it grut ferskaat oan befrijingsaktiviteiten.

De Deadebetinking op moandei 4 maaie yn Ljouwert en dêrmei ek de útstjoerings op radio en televyzje begjinne om 19.30 oere. Yn de oanrin nei de betinking stjoert Omrop Fryslân Radio fan 19.00 oere ôf in programma mei oanpaste muzyk út. Om 19.30 oere skeakelje radio en televyzje live oer nei it Saailân. Fan 21.00 oere ôf is de betinkingsmuzyk ‘as it stil west hat’ fan Gerrit Breteler live te folgjen fia de ynternetstjoerder Omroplive.nl.

Yn de wike foar Befrijingsdei stjoert Omrop Fryslân al filmkes fan minsken harren persoanlike befrijingsferhalen út en op tiisdei 5 maaie is de stjoerder live by it Befrijingsfestival yn de Fryske haadstêd. Moarns wurdt der ferslach dien op radio en ynternet fan ûnder oaren it Victory-befrijingskamp yn de Prinsetún en it befrijingsmoarnsbrochje mei âlderein yn De Harmonie. Middeis sil Geert van Tuinen mei op ien fan de rûtes fan de befrijingsritten dêr’t 250 âlde oarlochsweinen oan meidogge en docht René Koster live ferslach fan de aktiviteiten yn de stêd. Femke de Walle presintearret dy dei Geert yn de Middei rjochtstreeks út de Prinsetún wei mei de live muzyk fan it Noardewyn-poadium. De optredens op dat poadium binne fan 13.00 oant 16.00 oere ek live op televyzje te sjen. Dêrnei is tusken 16.00 en 18.00 oere it programma op it Saailân live te folgjen op televyzje mei ûnder oaren it defilee mei Kanadeeske feteranen, ynterviews mei dy Kanadeeske feteranen en reportaazjes fan de dei.

It Noardewyn-muzykpoadium hat foar de achtste kear in plak op it Befrijingsfestival. Mar leafst alve ferskillende artysten en bands sille dêr optrede. DJ Willem Wâldpyk iepenet it programma. Dêrnei komme ûnder oaren Dubbel Accoord & Country Wytske, The Given Horse en De Boodschappers van het Algemene Nut foarby. As ôfsluting sille de Doelleazen der lykas ferline jier wer in feestje fan meitsje. De presintaasje fan it programma is yn hannen fan Willem de Vries. Elkenien is wolkom om mei te feesten by it poadium oan de kop fan De Grienewei/De Wissesdwinger. It programma duorret fan 12.30 oant 17.00 oere. It folsleine programma op it Noardewyn-poadium en it Befrijingsfestival is te finen op www.omropfryslan.nl/befrijingsfestival en www.befrijdingsfestivalfryslan.nl.

4 en 5 maaie live by Omrop Fryslân
Moandei 4 maaie: fan 19.30 oere ôf op radio, televyzje en ynternet
Tiisdei 5 maaie: de hiele dei op Omrop Fryslân Radio, Televyzje en Ynternet.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 1423 9834.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)