Omrop Fryslân betanket harkers foar wurdearring

21 okt 2016 - 14:41

Hieltyd mear minsken witte Omrop Fryslân op ‘e radio te finen. De groeiende harksifers wize út dat Fryslân massaal ôfstimt op 92.2FM. Om dat te fieren meitsje harkers as tank foar harren wurdearring takom wike kâns op in spesjale Omrop Fryslân portable digitale radio. De aksje rint fan moandei 24 oant en mei snein 30 oktober.

“Moai dat ús ynspanningen om de radioprogramma’s optimaal oanslute te litten op de winsken fan de harkers harren fertale yn goede sifers”, seit haadredakteur Klaas Geert Bakker. “Dy sifers litte sjen dat de harkers ús útstjoeringen wurdearje en dat it ús slagget om ús slogan ‘ôfstimd op dy’ wier te meitsjen”.

Yn de aksjewike meitsje harkers kâns op eksklusive digitale radio’s. De Omrop Fryslân portable radio kin oeral mei hinne nommen wurde en mei dizze DAB+ radio is Omrop Fryslân yn hiel Noard-Nederlân te ûntfangen.

Mear ynformaasje oer de aksjewike is te finen op: Omropfryslan.nl/win.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)