Oade oan Leonard Cohen fan it NNO live by Omrop Fryslân

28 jan 2021 - 11:32

It Noord Nederlands Orkest bringt op 4 febrewaris in symfoanyske oade oan singer-songwriter Leonard Cohen. It konsert is fan 16.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Op freed 5 febrewaris is it ek op telefyzje te sjen om 20.30 oere. It NNO-konsert 'A symphonic tribute to Leonard Cohen' wurdt laat troch dirigint en arranzjeur Dirk Brossé, mei Vera Mann en René van Kooten as sjongers.

Leonard Cohen wurdt sjoen as ien fan de wichtichste singer-songwriters út de popmuzyk. Syn earste hits datearje út de jierren sechstich en syn lêste album produsearre hy op 82-jierrige leeftiid, flak foar syn ferstjerren yn 2016. Yn al dy jierren is hy by in grut publyk bekend en yn trek bleaun; noch yn 2013 trede er op foar in útferkocht Ahoy en Ziggo Dome. Syn hannelsmerk wie de donkere, rauwe stim dêr't er syn poëtyske teksten oer hoop, leafde, it libben en de dea ekstra djipgong mei joech.

A symphonic tribute to Leonard Cohen
Yn dit konsert mei hits as, Hallelujah, Suzanne, So long Marianne, First we take Manhattan en Take this waltz, is te hearren dat Cohens krêftige melodyen ek yn in orkestrale jas ta har rjocht komme. Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsert op: nno.nu/concert/symphonic-tribute-to-leonard-cohen.

NNO-konsert livestream en op telefyzje
It konsert op tongersdei 4 febrewaris wurdt yn ferbân mei de jûnsklok middeis spile en is fan 16.00 oere ôf live te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De registraasje fan it konsert is op freed 5 febrewaris om 20.30 oere op telefyzje te sjen en op peaskemoandei nochris.

(Advertinsje)