Noardewyn Live op it Freeze Festival

23 sep 2015 - 12:47

Noardewyn Live is wer op lokaasje te finen, tusken de minsken. Sneon 26 septimber fersoarget Noardewyn Live in jûnfoljend programma op it Freeze Festival yn Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert. Under oaren De Kast, Jack Bottleneck en Sunday Kids trede op. Noardewyn Live op it Freeze Festival wurdt op sneontejûn 3 oktober útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje.

It draait allegear om poptalint op it Freeze Festival. Presintator Willem de Vries hat dan ek alles út de kast lutsen foar in moaie line-up by Noardewyn Live. De populêre band De Kast, bekend fan ferskes as ‘In Nije Dei’ en ‘Moarn sil de sinne skine’, presintearret yn Noardewyn Live nij wurk. Ek de rockband Sunday Kids is oanwêzich. Yn oktober komt it nije album fan de band út. Yn Noardewyn Live litte sy fansels harren hit ‘Along The Way’ hearre.

Oare muzikanten dy’t spylje binne: Jack Bottleneck, Mr. Solnick en DOOXS. De offisjele release fan it debútalbum fan Jack Bottleneck en kompaan Johan Keus fynt plak op it Freeze Festival.

Noardewyn Live op it Freeze Festival is sneontejûn 3 oktober werom te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)