No ek: de Tomkeradio-app

11 okt 2016 - 14:57

Nei de lansearring fan de bernestjoerder Tomkeradio in jier lyn, is der no in Tomkeradio-app. Efkes harkje nei in ferhaal fan Bear Boeloe, de aventoeren fan Tomke of de moaiste Fryske ferskes? Dat is no hiel maklik mei de app! Snein 16 oktober kinne bern de app en Tomkeradio ûntdekke by de berneboekedei yn Terherne.

Presys in jier lyn gong Tomkeradio live, Tomkeradio.frl, op de berneboekedei. No kriget de suksesfolle bernestjoerder in eigen app. De Tomkeradio-app is fergees te downloaden foar de iPhone en iPad fia de Appstore fan Apple. Ek foar Android-telefoans is de app fergees te downloaden fia de Google Play Store.

Tomkeradio is op snein 16 oktober yn it Kameleondoarp yn Terherne. Om 13.00 oere giet dêr de berneboekedei fan start. Bern kinne yn de spesjale Tomkeradio-romte lekker delploffe om nei de ynternetstjoerder te harkjen en de Tomkeradio-app te ûntdekken. Mear ynformaasje oer de berneboekedei en it programma is te finen op Kinderboekendag.nl.

Alle ferskes en ferhaaltsjes op Tomkeradio binne Frysktalich. Tomkeradio is te finen fia de websiden fan Omrop Fryslân en de Fryske biblioteken. Tomke is ek alle wykeinen op sneon en snein om 7.20 en 8.20 oere en sneintemiddeis om 16.30 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Mear Tomke is te finen op Tomke.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)