NNO mei fioeliste Simone Lamsma live by Omrop Fryslân

19 apr 2021 - 14:37

Twa masterwurken fan Mozart en Sibelius steane sintraal by in konsert fan it Noord Nederlands Orkest op tongersdei 22 april. De Fryske topfioeliste Simone Lamsma solearret yn Mozarts Konsert foar fioele en orkest no. 4. Dêrnei liedt de Portugeeske dirigint Nuno Coelho de Fiifde Symfony fan Sibelius. It konsert is fan 20.00 oere ôf live te folgjen op telefyzje, en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Mozart & Sibelius
Mozart skreau syn fiif fioelekonserten al op njoggentjinjierrige leeftiid. Fioelekonsert nr. 4 hat in bjusterbaarlike solopartij; krekt wat foar Simone Lamsma.
De Fiifde fan Sibelius is amper te fergelykjen mei oare symfonyen; muzyk fan in grutske Fin dy't it leafst yn de ôfsûndering fan syn lânhûs komponearre. Dizze symfony is in lofsang op it libben - Sibelius wie krekt wer better nei in slimme sykte - én in earbetoan oan de Finse natuer.

Simone Lamsma
Simone Lamsma begûn mei fioelespyljen doe't se fiif wie en studearre fan alvejierrige leeftiid ôf yn Ingelân. Sy makke as fjirtjinjierrige har solodebút by it NNO, en is yntusken útgroeid ta in wrâldstjer. Se trede ûnder oaren op mei it Keninklik Concertgebouworkest, London Philharmonic Orchestra, Hong Kong Philharmonic Orchestra en New York Philharmonic Orchestra.

Nuno Coelho
Nuno Coelho studearre fioele yn Klagenfurt en Brussel en orkestdireksje oan de Zürcher Hochschule der Künste. Hy wie ûnder oaren assistint-dirigint fan it Nederlands Philharmonisch Orkest, dirigearre de Los Angeles Philharmonic as Dudamel Fellow en waard yn 2018 beneamd ta fêste gastdirigint fan it Orquestra Gulbenkian yn Lissabon.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsert, fioeliste en dirigint op: nno.nu/concert/mozart-sibelius

NNO-konsert op telefyzje en online
It konsert op tongersdei 22 april yn De Lawei yn Drachten is fan 20.00 oere ôf live te folgjen op telefyzje en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
 

(Advertinsje)